Harsens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"Oligodendrocyte.png" is op Commons fuorthelle JuTa om't: No source specified since 11 November 2019.
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[Ofbyld:Human brain NIH.jpg|thumb|It minskebrein]]
De '''harsens''' ([[plurale tantum]]), ek wol it '''brein''' neamd, foarmje it diel fan it [[sintrale senuwstelsel]] dat yn de holle sit ([[Gryksk]]: ἐγκέφαλον, ''encephalon'', 'yn de holle'). De harsens foarmje it waarnimmende, oanstjoerende, kontrolearjende en ynformaasjeferwurkjende [[orgaan]] yn bisten. Der binne trije kloften bisten mei harsens: de [[wringedieren]], de [[lidpoatigen]] ([[ynsekt]]en, [[Spinnen (bisten)|spinnen]], [[kreeften]]) binnen it skift fan de [[net-wringedieren]] en de [[inktfisken]]. De oare net-wringedieren hawwe gjin harsens, mar kolleksjes fan yndividuele [[senuwknoop|ganglia]]. De harsens sitte oer it generaal yn de [[holle (anatomy)|kop]] fan it bist.
De harsens binne in kompleks orgaan; it minsklik brein is opboud út tsientallen miljarden neuroanen ([[senuwsel]]len) wêrfan elk ferbûn is mei in grut oantal oare neuroanen, soms tûzenen. It is grif de meast komplekse struktuer yn it universum. De harsens bestjoere en koördinearje sensoaryske systemen, beweging, gedrach en [[homeostaze (fysiology)|homeostatyske]] lichemsfunksjes, lykas [[sykheljen]], [[bloeddruk]] en [[lichemstemperatuer]]. De harsens binne de boarne fan [[motoryk|beweging]], [[ûnthâld (psychology)|ûnthâld]] en (by hegere soarten) [[kognysje]] ([[bewustwêzen]]) en [[emoasje]].
 
== Anatomy ==