Finzenisstraf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Skiednis: st. neffens Taalweb Fr
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 3:
 
==Skiednis==
Finzenisstraf yn 'e moderne sin fan it wurd giet werom op 'e [[Ferljochting]] en de [[Frânske Revolúsje]] ([[1789]]). Foar dy tiid waarden lichtere misdriuwen yn 'e regel bestraft mei faak grouwélige [[liifstraf]]fen, wylst op swierdere misdriuwen al gau de [[deastraf]] stie. Finzenisstraf bestie wol, mar waard yn 'e regel inkeld brûkt om fertochten op te sluten yn ôfwachting fan harren berjochting, om skuldners te [[gizeling (twangmaatregel)|gizeljen]] oant se har skulden ôfbetelle hiene en om [[ketter]]s sa fier te krijen dat se har ideeën opjoegen. Finzenen waarden faak fêstholden yn [[tsjerker]]s of yn oare fochtige, tsjustere, smoarge, ûnsanitêre en net-sûne romten. Se sieten faak mei keatlings fêst oan 'e muorren en krigen inkeld [[wetter]] en [[bôle]] foarset. Foar oar iten wiene se ôfhinklik fan 'e [[goeddiedichheid]] fan har freonen en famylje, of moasten se har [[sipier]]s omkeapje.
 
Yn 'e Ferljochting kaam men yn opstân tsjin dit systeem, wêryn't de straffen faak ek nochris ûnearlik oplein waarden. Foaroansteande tinkers út dy tiid wiene fan miening dat de frijheid it grutste goed fan 'e minske wie, en dat misdriuwen dêrom it bêste bestraft wurde koene troch dy frijheid ôf te pakken. Sadwaande waard de tapassing fan 'e deastraf beheind en waarden de liifstraffen meitiid hielendal ôfskaft. Ek it [[finzeniswêzen]] waard herfoarme, wêrby't in humane behanneling fan 'e finzenen foar it earst wichtich waard. Yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] begûn men te twifeljen oan it nut fan it ûnderlinge kontakt fan 'e finzenen yn it tichthûs, mei't se der faak minder út kamen as dat se der yngiene. Dêrom fierde men om [[1850]] hinne de [[iensume opsluting]] yn, mei as bedoeling dat de finzene troch it ûntbrekken fan kontakt mei oaren twongen wurde soe ta besinning oer syn misdieden. It die lykwols bliken dat de minske net sûnder sosjale kontakten kin, sadat de finzenen dy't jierrenlang allinnich opsletten wiene, yn 'e regel [[sljochtsinnichheid|sljochtsinnich]] waarden.