A Peace Divided: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 25:
De [[Confederation-searje|''Confederation'']]-boeken fan Tanya Huff spylje yn in [[takomst]] wêryn't de [[minskheid]] him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei alderhanne [[bûtenierdske wêzens|bûtenierdske rassen]]. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan [[kultuer|beskaving]] berikt hawwe dêr't [[geweld]], om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten, de saneamde Middelrassen, sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen mei de hannen yn 't hier om't de [[pasifisme|pasifistyske]] Konfederaasje net oer in [[leger (lânmacht)|leger]] of in [[float]] beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan [[planeet|planetêre]] ta [[ynterstellêr]]e [[oarloch]]fiering.
 
Yn 'e ''Confederation''-searje waard ferteld hoe't Torin Kerr, in [[ûnderofsier]] fan it [[marinierskorps]] fan 'e Konfederaasje, nei [[generaasje]]s fan striid mei de Primasy frijwol eigenhandich in ein oan 'e oarloch makke. Hja ûntdiek dat it hiele konflikt by wize fan sosjaal eksperimint útlokke wie troch [[selsbewustwêzen|selsbewuste]] [[sifer|polynûmerike]] [[molekúl|molekulêre]] [[hydrokside|polyhydrokside]] [[alkoholide]]n, oftewol in soarte fan [[yntelliginsje|hyperyntelligint]], [[stalferwikseling|fan foarm feroarjend]], [[bûtenierdske wêzens|bûtenierdsk]] [[plestik]]. Neitiid waarden der [[frede]]sbesprekkings mei de Primasy iepene. Torin gie út it korps wei en joech har by har [[freon]] Craig Ryder, in [[boarger]] dy't him talein hie op 'ede [[berging]] fan 'e wrakken fan troch oarlochfiering ferrinnewearre [[romteskip]]pen fan 'e Konfederearre en Primatyske floaten. It slagge har lykwols net om har bûten saken te hâlden dy't har neat oangiene, en nei ferrin fan tiid waarden Craig en Torin en ferskate oare [[feteraan|feteranen]] troch it Konfederearre Ministearje fan Justysje as eksterne ekspêrs yn 'e earm nommen om ôf te weven mei [[geweld]]diedige [[krimineel|kriminelen]]. Uteinlik krigen se nei harren aventoer yn it foargeande diel fan 'e rige, ''[[An Ancient Peace]]'', in formele status en waarden se oansteld as Strike Team Alpha, in mobile ienheid fan 'ede 'warders', de [[plysje]] fan 'e Konfederaasje.
 
==Ynhâld==
Yn ''A Peace Divided'' wurde Torin Kerr en Strike Team Alpha útstjoerd om regaad te meitsjen op 'e [[planeet]] 33X73. In groepke [[hierling]]en hat dêr nammentlik de [[argeolooch|argeologen]] en oare [[wittenskipper]]s [[gizeling (misdriuw)|gizele]] dy't yn 'e [[ruïne]]s fan in ferdwûne beskaving mei opgravings oan 'e gong wiene. Om't de hierlingen út in mjuks fan wêzens út 'e Konfederaasje en de Primasy besteane, moat Torin dêrfoar gearwurkje mei in plysje-ienheid dy't oerkomt út 'e Primasy.
 
It docht al gau bliken dat de hierlingen op 'e siik binne nei in [[wapen]] dat de ferdwûne beskaving op 33X73 ûntwikkele hawwe soe tsjin 'e 'plestik bûtenierdsen'. As sa'n wapen bestiet, soe it mei-iens it earste funksjonele wapen wêze dat wa ek tsjin 'e plestik bûtenierdsen betinke kinnen hat. De sitewaasje wurdt noch yngewikkelder as oan it ljocht komt dat de hierlingen yn opdracht wurkje fan 'e [[rasisme|rasistyske]] Minsken Earst-beweging.