Albrecht Dürer: ferskil tusken ferzjes

L (fl)
 
Fan 1511 oant 1514 konsintrearre Dürer him wer op it gravearwurk, benammen op de kopergrafueres. Dêrnei, oant er yn 1520 nei de Nederlannen ôfreizge, hie Dürer in ferskaat oan projekten ûnder hannen.
 
Syn reis nei de Nederlannen, syn 4e en lêste grutte reis, makke er yn it selskip fan syn frou. Yn de Nederlannen makken se ferskate rûnreizen; ûnder oaren dienen se [[Nijmegen]], [[Den Bosch|De Bosk]], [[Brussel]], [[Gint (stêd)|Gint]], [[Brugge]] en [[Seelân]] oan. Yn 1521 gie it wer op Neurenberg oan. Dürer hie op syn reis in sykte oprûn, dêr't hy de rest fan syn libben lêst fan hâlde soe.
 
Syn swakke sûnens wie der debet oan dat er yn syn lêste jierren yn Dútslân gjin grutte wurken mear makke. Ut dy tiid stamme in tal portretten wêrûnder ien fan de Rotterdamske filosoof [[Erasmus]].
14.392

bewurkings