Kompetysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
'''Kompetysje''' (fan it [[Frânsk]]e ''competition'') is in ferskynsel dat him foardocht as twa partijen stribje nei in doel dat net dield wurde kin. In skaaimerk fan dit fenomeen is dat der (ornaris) mar ien winner wêze kin, en dat alle oare partijen ferliezers binne. Kompetysje wurdt faak beskôge as it [[tsjinstelde]] fan [[gearwurking]], hoewol't yn 'e reäliteit de measte sitewaasjes mingfoarmen fan beide binne. As ferskynsel wurdt kompetysje bestudearre troch ferskate [[tûke (betsjuttingsside)|tûken]] fan 'ede [[wittenskip]], wêrûnder [[psychology]], [[sosjology]], [[antropology]] en [[biology]].
 
Kompetysje komt foar yn 'e [[natoer]], sawol tusken [[bist]]en fan ferskillende [[soarte]]n, as tusken eksimplaren fan deselde soarte. It doel dêr't yn sokke gefallen om striden wurdt, is faak [[iten]], [[territoarium (biology)|territoarium]], de kâns op [[fuortplanting]] en, by sosjale bisten lykas [[aap|apen]] of [[wolven]], [[sosjale status]] en [[liederskip]]sposysjes. Ek [[planten]] kenne kompetysje, bgl. om it measte [[sinne]]ljocht op te fangen.
 
Yn 'ede [[minsklik]]e [[maatskippij]] is kompetysje ien fan 'e wichtichste skaaimerken fan [[frije-merk]]ekonomyen, wêryn't [[bedriuw]]en mei-inoar stride om 'e geunst fan 'e [[klant]] en om in sa heech mooglike [[winst]]. Kompetysje op [[ekonomy]]sk mêd wurdt almeast omskreaun as [[konkurrinsje (ekonomy)|konkurrinsje]]. Op it nivo fan gewoane [[minske]]n komt ek in soad kompetysje foar, benammen om [[rykdom]], [[macht]], erkenning en [[prestiizje]] (faak yn 'e foarm fan [[priis (ûnderskieding)|prizen]]), en [[seks]]uële partners.
 
Kompetysje tusken minsken wurdt lykwols benammen assosjearre mei [[sport]], wêryn't lju it tsjininoar opnimme op it mêd fan [[minsklik lichem|fysike]] [[krêft]] en feardichheid. In inkele kompetysje op it mêd fan sport wurdt oer it algemien in '''wedstryd''' neamd. In stikmannich byinoar hearrende wedstriden foarmje yn dy kontekst in '''kompetysje'''. In inkel [[evenemint]] wêrby't twa [[fuotbal]]teams it tsjininoar opnimme, is bgl. in fuotbalwedstryd, mar alle wedstriden fan in groep byinoar hearrende fuotbalteams út in seizoen foarmje in fuotbalkompetysje. De lieding oer in wedstryd is yn 'e regel yn 'e hannen fan in [[skiedsrjochter]], of by guon sporten (lykas [[keunstdûken]] of [[keunstriden]]) fan in [[sjuery]]. Sokken toetse it ferrin fan in wedstryd oan yn 't foar opstelde [[spulregel]]s.
 
Spesjale soarten wedstriden binne de '''thúswedstryd''', in wedstryd dy't op eigen terrein spile wurdt, en de '''útwedstryd''', in wedstryd dy't op 'e gerjochtichheid fan 'e tsjinpartij spile wurdt. As der twa byinoar hearrende wedstriden binne fan deselde partijen, sprekt men by de lêste fan 'e beide wedstriden fan in '''return''' of in '''returnwedstryd'''.