Echte mûzen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 41:
| beskriuwer, jier = [[Linnaeus]], 1758
}}
De '''echte mûzen''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Mus'') foarmje in [[skaai (taksonomy)|skaai]] fan 'e [[klasse (taksonomy)|klasse]] fan 'e [[sûchdieren]] (''Mammalia''), it [[skift]] fan 'e [[kjifdieren]] (''Rodentia''), de [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[mûseftigen]] (''Muridae'') en de ûnderfamylje fan 'ede [[mûzen en rotten fan de Alde Wrâld]] (''Murinae''). Ta dit skaai hearre 41 soarten mûzen, wêrfan't de bekendste en meast fersprate sûnder mis de [[hûsmûs]] (''Mus musculus'') is. In protte soarten kjifdieren dêr't men by it hearren fan it wurd "mûs" ek faak oan tinkt, lykas de [[fjildmûs]], de [[boskmûs]] en de [[dwerchmûs]], hearre lykwols net ta dit skaai.
 
Mûzen binne yn 'e regel lytse bistkes mei in lange keale of hast keale [[sturt]], lytse rûne [[ear (lichemsdiel)|earen]] en in spjochtich snútsje. Se wurde faak beskôge as skealik ûngedierte, mei't se [[lânbou]]gewaaksen en rispingen oanfrette kinne en troch harren [[parasyt|parasiten]] en kjitte sykten ferspriede kinne. Oan 'ede oare kant wurde mûzen ek holden as [[hûsdier]]en en as [[proefdier]]en yn laboratoaria. Behalven troch de [[hûskat]], dêr't se in sprekwurdlik minne relaasje mei hawwe, wurdt der ek in soad op harren jage troch oare [[kateftigen]], party [[hûneftigen]] en fierders troch [[foks]]en, [[rôffûgelrôffûgels]]s, [[slange]]n en sels guon [[lidpoatigen]]. Fanwegen harren opmerklike fermogen ta oanpassing oan hast elts soarte fan [[biotoop]] en [[klimaat]], binne mûzen guon fan 'e súksesfolste sûchdieren dy't ea bestien hawwe.
 
==Soarten==