Amerikaanske marter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
American_Martin.JPG ferfange troch American_Marten.jpg (troch CommonsDelinker om't: file renamed, redirect linked from other project).
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 24:
 
==Uterlike skaaimerken==
De Amerikaanske marter hat trochinoar in kop-romplingte fan 32-45 sm, mei in sturtlingte fan 13-23 sm en in gewicht fan 0,5-1,4 kg. Syn liif is lang en rank, mei koarte lidden en in [[plomsturt]]. De [[ear (lichemsdiel)|earen]] binne grut en rûn op in rûchwei trijehoekige [[kop]] mei in skerpe foarútstykjende [[snút]]. De lange, sidesêfte [[pels]] kin bleek gielich, kastanjebrún of hast swart wêze en alle nuânses dêrtuskenyn. Op 'e kop is it [[hier (begroeiïng)|hier]] yn 'e regel ljochter as op it lichem, wylst it op 'e [[poat]]en en de [[sturt]] ornaris wat dûnkerder is. Amerikaanske marters hawwe in tige karakteristike bef op 'e [[kiel]] en it [[boarstkas|boarst]] dy't bleekgiel oant feloranje fan kleur is. Der bestiet by dit bist in oansjenlike [[seksuële dimorfy]], mei't mantsjes oant 15% grutter en oant 65% swierder wêze kinne as wyfkes. Fan oansjen is der lykwols gjin ferskil tusken mantsjes en wyfkes. De Amerikaanske marter dielt syn [[ferspriedingsgebiet]] mei in oare martersoarte, de [[fiskmarter]] (''Martes pennanti''), mar is dêrfan te ûnderskieden trochdat er lytser en ljochter fan kleur is.
[[File:Marten with Flowers.jpg|left|thumb|180px|In Amerikaanske marter gluorket om him hinne.]]