Amerikaanske marter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 38:
Folwoeksen Amerikaanske marters libje ornaris in [[solitêr]] bestean, behalven yn 'e [[peartiid]], dy't yn [[july]] of [[augustus]] falt en foar wyfkes sa'n twa wiken duorret. Beide [[geslacht (sekse)|geslachten]] binne dêrby [[polygamy|polygaam]] en de wyfkes kinne ferskate perioaden fan [[tyldrift]] trochmeitsje. Trochdat de Amerikaanske marter in [[ferlingde draachtiid]] ken, wurdt de ymplantaasje fan it [[embryo]] opkeard oant de ein fan 'e winter, wêrnei't de wiere [[draachtiid]] likernôch in moanne duorret. Yn dy tiid makket it wyfke in hoale om yn te befallen, faak yn holle [[beam]]men, ûnder [[woartel (plant)|beamwoartels]], [[beam]]stobben of [[rots]]en. Ein [[maart]] of yn [[april]] smyt it wyfke dan in nêst fan 1-5 jongen, dy't mei 42 dagen ôfwûn wurde. Mei 50 dagen komme de jongen foar it earst út 'e hoale foar 't ljocht. Se bliuwe by de mem oant de ein fan harren earste simmer en sette dan [[hjerst]]mis op eigen manneboet ôf. Amerikaanske marters binne nei in jier geslachtsryp, hoewol't se yn 'e praktyk faak pas oan 'e [[fuortplanting]] dielnimme as se twa jier âld binne.
 
De libbensferwachting fan in Amerikaanske marter yn it wyld is op syn heechst 14½ jier (sa't yn ien dokumintearre gefal fêststeld waard), al helje se dat yn 'e measte gefallen net. Yn finzenskip waard it âldste eksimplaar 15 jier. Amerikaanske marters binne kwetsber foar [[predaasje]] troch [[rôffûgelrôffûgels]]s, lykas de [[keningsearn]] (''Aquila chrysaetos''), de [[see-earn]] (''Haliaeetus leucocephalus'') en de [[Amerikaanske oehoe]] (''Bubo virginianus''), wat nei alle gedachten de reden is dat se iepen plakken mije en safolle mooglik ûnder de beskutting fan beammen bliuwe. Oare natuerlike fijannen fan 'e Amerikaanske marter binne de [[reade lynks]] (''Lynx rufus''), de [[Kanadeeske lynks]] (''Lynx canadensis''), de [[poema]] (''Puma concolor''), de [[Amerikaanske swarte bear]] (''Ursus americanus''), de [[grizzlybear]] (''Ursus arctos horribilis''), de [[grize wolf]] (''Canis lupus''), de [[prêrjewolf]] (''Canis latrans''), de [[foks]] (''Vulpes vulpes'') en de [[fiskmarter]] (''Martes pennanti'').
 
==Fretten==