Tongerfûgel (mytology): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 6:
| bynamme =
| religy = [[Yndianen|Yndiaanske]] [[natoerreligyen]]
| domein = [[tonger (ûnwaar)|tonger]], [[wjerljocht]], [[wyn (waar)|wyn]], [[rein (delslach)|rein]]
| wente =
| selskipsdier =
Rigel 19:
| foarwerp =
| plant =
| bist = grutte [[rôffûgels|rôffûgel]]
| oar =
}}
De '''Tongerfûgel''' ([[Ingelsk]]: ''Thunderbird'') is yn 'e [[mytology]] fan in grut tal [[Yndianen|Yndiaanske]] [[natoerreligyen]] fan [[Noard-Amearika]] in [[myte|mytysk wêzen]] en/of in [[godheid]] yn 'e foarm fan in ûnbidich grutte [[rôffûgels|rôffûgel]] mei [[boppenatuerlike]] macht en krêften. Hy nimt fral in tige wichtich plak yn yn 'e [[kultuer]]en fan 'e [[folk]]en fan it [[Amerikaanske Noardwesten]], de kust fan [[Britsk-Kolumbia]] en de [[Alaska Panhandle]], dêr't er gauris ôfbylde wurdt yn [[keunst]], [[liet]]en en de [[mûnlinge oerlevering]]. Dêrnjonken komt de Tongerfûgel ek yn ferskate farianten foar mank de folken fan it [[Amerikaanske Súdwesten]], de [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] en it gebiet fan 'e [[Grutte Marren]]. De namme 'Tongerfûgel' wurdt faak brûkt om ien unyk yndividu mei oan te tsjutten, mar soms ek wol as in kategory- of rasnamme. De [[leginde]]n oer de Tongerfûgel hawwe in protte wei fan 'e ferhalen oer de [[rok (mytysk wêzen)|rok]], in oare mytyske rôffûgel, út gebiet fan 'e [[Yndyske Oseaan]]. Men giet derfan út dat de Tongerfûgel basearre is op in wier besteande [[fûgel]], nammentlik de [[Amerikaanske see-earn]] (''Haliaeetus leucocephalus'').
 
==Namme==
De namme fan 'ede Tongerfûgel komt fuort út it leauwe dat it slaan fan syn ûnbidich grutte [[wjuk]]ken [[tonger (ûnwaar)|tonger]] en hurde [[wyn (waar)|wyn]] feroarsaket. De [[Lakota (folk)|Lakota]], fan 'ede noardlike [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]], neame him ''Wakíŋyaŋ'', fan ''wakhaŋ'' ("hillich") en ''kiŋyaŋ'' ("wjukt"). De [[Kwakiûtl (folk)|Kwakiûtl]], fan 'e súdwestkust fan [[Britsk-Kolumbia]], hawwe in grut tal ferskillende nammen foar de Tongerfûgel, en de [[Nûtka (folk)|Nûtka]], fan [[Vancouvereilân]], neame him ''Kw-Unhnx-Wa''. Mank de [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]], út it gebiet fan 'ede [[Grutte Marren]], hjit er ''Animikii'', in wurd dat nau besibbe is oan it [[Odjibwe (taal)|Odjibwe]]-wurd foar [[tonger (ûnwaar)|tonger]].
 
==Eigenskippen==
Hoewol't de [[myte]]n oer de Tongerfûgel oer in grut gebiet ferspraat binne, hat er yn in protte Yndiaanske [[kultuer]]en deselde eigenskippen beholden. Hy wurdt beskreaun as in grutte [[rôffûgels|rôffûgel]], dy't it [[tonger (ûnwaar)|tonger]]je lit as er mei de [[wjuk]]ken slacht, en [[stoarm]]en feroarsaakje kin as er dat wol. [[Wolk]]ens wurde gearlutsen as er fljocht, de [[wjerljocht]] komt fuort út it knipperjen fan syn [[each|eagen]] en yndividuële [[wjerljocht]]slaggen binne de gloedzjende [[slange]]n dy't er yn syn [[kloer]]en meidraacht. [[Masker]]s dy't de Tongerfûgel ôfbyldzje, binne mannichkleurich, en soms foarsjoen fan twa kroljende [[hoarn (lichemsdiel)|hoarnen]] en/of [[tosk]]en yn 'ede [[snabel]]. Ofhinklik fan 'e kulturele tradysje sprekt men fan 'de Tongerfûgel' as in yndividuële entiteit, of fan 'tongerfûgels' as in ras fan mytyske wêzens. Yn beide gefallen is de Tongerfûgel yntelligint, machtich en maklik lulk te krijen. Alle leginden binne it deroer iens dat men út alle macht besykje moat en kom foar dat de Tongerfûgel grimmitich wurdt.
[[File:Haida double thunderbird 1880.jpg|left|thumb|220px|In dûbelkoppige Tongerfûgel ([[Haida (folk)|Haida]]-ôfbylding út [[1880]]).]]
 
Rigel 34:
De yndividuële Tongerfûgel, sa't dy bygelyks foarkomt yn 'e ferhalen fan 'e [[Nûtka (folk)|Nûtka]] (''Nootka'') fan [[Vancouvereilân]], soe de tsjinner fan 'e [[Grutte Geast]] wêze en op in [[berch]]top wenje, dêr't er sizzenskip hie oer it fallen fan 'e [[rein (delslach)|rein]]. Mearfâldige foarmen fan tongerfûgels, sa't dy besteane yn 'e myten fan 'e [[Kwakiûtl (folk)|Kwakiûtl]] (''Kwakiutl'') en de [[Kouwytsjan (folk)|Kouwytsjan]] (''Cowichan'') fan [[Britsk-Kolumbia]], kinne in [[minske|minsklik]] [[stalferwikseling|stal oannimme]] troch harren snabels as in soarte fan masker omheech te skowen en harren [[fear (fûgel)|fearrekleed]] ôf te smiten as wie it in [[tekken]].
 
Der besteane ferhalen fan tongerfûgels dy't yn [[minske|minsklike]] foarm yn minsklike [[famylje]]sfamyljes [[houlik|yntrouwe]], en guon famyljes trasearje har ôfstamming ek hjoed de dei noch werom nei sa'n legindarysk foarfal. Famyljes fan tongerfûgels dy't har net mei minsken bemuoiden mar wol as minsken libben, soene de noardlike punt fan [[Vancouvereilân]] bewenne hawwe. Neffens it ferhaal fergeaten de oare bewenners fan it eilân al gau dat se net mei wiere minsken fan dwaan hiene, en doe't guon lju de tongerfûgels ta [[slavernij|slaven]] besochten te meitsjen, skoden de tongerfûgels harren snabels nei ûnderen ta en pakten se har fearrekleden wer op en namen se op in ferskriklike wize wraak op 'e dwaze oanfallers.
 
Neffens de myten fan 'ede [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]], rûgen de tongerfûgels yn [[prehistoarje|prehistoaryske tiden]] de ''[[unktehila]]'' út, in ras fan gefaarlike [[reptilen|reptylske]] meunsters. De leginden fan 'e [[Menominy (folk)|Menominy]] (''Menominee''), fan [[Wiskonsin]], wolle hawwe dat de tongerfûgels op in grutte [[berch]] wenje dy't yn it westen yn 'e loft sweeft. Dêrwei soene se har dwaande hâlde mei de behearsking fan [[rein (delslach)|rein]] en [[hagel (delslach)|hagel]] en it ferrjochtsjen fan heldedieden. Se binne de fijannen fan 'e grutte hoarne [[slange]]n, de ''[[misikinubik]]'', en hawwe tsjinkeard dat dy de wrâld feroverje en de minskheid fersline. Neffens de Menominy binne de tongerfûgels boadskippers fan 'e [[Grutte Geast|Grutte Sinne]] sels.
 
Ek de [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]] (''Ojibwe'' of ''Chippewa''), út it gebiet fan 'ede [[Grutte Marren]], hawwe in grut tal ferhalen oer tongerfûgels, dy't in wichtige rol spylje by de seremoanje fan 'e [[sinnedûns]]. Ek de krite fan 'e [[Tongerbaai]] en de [[stêd]] [[Thunder Bay (Ontario)|Thunder Bay]], yn [[Ontario]], hat in konneksje mei de Odjibwe-leginden oer tongerfûgels. Mank de [[Winnebago (folk)|Winnebago]], ek út it gebiet fan 'ede [[Grutte Marren]], wurdt sein dat in man dy't ûnder it [[fêstjen]] in [[fizioen]] fan in tongerfûgel kriget, [[oarloch]]s[[opperhaad]] wurde sil.
 
{{boarnen|boarnefernijing=