Gnostyske Iepenbiering fan Petrus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 13:
De '''''Gnostyske Iepenbiering fan Petrus''''' (dy't net betize wurde moat mei de ''[[Iepenbiering fan Petrus]]'') is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is in [[pseudepigraaf|pseudepigrafysk]] geskrift út 'e [[twadde iuw]] ûnder de namme fan 'e [[apostel]] [[Petrus (apostel)|Petrus]], dat yn desimber [[1945]] fûn waard troch twa boeren by it [[Egypte|Egyptyske]] [[Nag Hammady]], dêr't it mei in stikmannich oare [[Gnostisisme|gnostyske]] geskriften, wêrûnder it folle bekendere ''[[Evangeelje fan Tomas]]'', yn in krûk bedobbe lei. Mei't it op dy wize iennichst oerlevere manuskript yn it [[Koptysk]] skreaun is, stiet dizze tekst ek wol bekend as de '''''Koptyske Iepenbiering fan Petrus''''', hoewol't de saakkundigen it deroer binne dat de Koptyske ferzje in oersetting is út it oarspronklike [[Gryksk]], sadat dat in wat misliedende namme is.
 
De ''Gnostyske Iepenbiering fan Petrus'' is in tige gnostyske tekst, dy't leart dat it libben in straf is en it lichem in [[finzenis|tichthûs]]. Sadwaande wurdt de [[krusiging]] fan [[Jezus Kristus]] bygelyks foarsteld mei in laitsjende Jezus, om't hy ommers op it punt stiet om befrijd te wurden út syn finzenskip. Ek warskôget er de lju tsjin minsken dy't ''"fêsthâlde oan 'e namme fan in deade, mei't se tinke dat se dêrtroch hillich wurde sille."'' De ''Gnostyske Iepenbiering fan Petrus'' fertoant fierders opfallende parallellen mei it ''[[Twadde Traktaat fan de Grutte Set]]'', en liket sadwaande in [[dosetisme|dosetistyske]] [[kristology]] út te dragen, wêrby't de weropstanning fan Jezus út 'e dea inkeld in weropstanning fan 'e geast is (en net ek fan it lichem, sa't de otterdokse tsjerkelear hawwe wol).
 
==Keppelings om utens==