Noardfrysk Ynstitút: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
biblioteek
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 34:
It Noardfrysk Ynstitút hat in eigen [[biblioteek]] en [[argyf]] fan 15.000 [[boek]]en en 70.000 [[artikel (publikaasje)|artikels]], wêryn't benammen Noardfrysktalige wurken sammele binne, hoewol't ek [[Nederdútsk]]e, [[Dútsk]]e en [[Deensk]]e teksten byinoarfandele binne dy't oer Noard-Fryslân geane. Jiers wurde dêr sa'n 500 nije publikaasjes oan tafoege. Fierders hat it Noardfrysk Ynstitút de [[Jan Tjittes Piebenga]]-bibleteek yn besit, wat de grutste samling [[Westerlauwersk-Frysk]]talige teksten bûten [[Nederlân]] is.
 
It Ynstitút fersoarget fierders ek [[kursus]]sen, [[kolleezje]]s, [[konferinsje]]s en [[taspraak|lêzing]]s en jout [[boek]]en, [[tydskrift]]en en [[brosjuere]]s út op eigen kosten of yn gearwurking mei oare [[útjouwerij]]en. It ynstitút wurdt finansjeel stipe troch de dielsteat [[Sleeswyk-Holstein]], de ''[[Kreis]]'' [[Noard-Fryslân]], de [[stêd]] [[Bredstedt]] en [[Sydslesvigsk Forening]] ("Súdsleeswykske Feriening"), de [[kultuer|kulturele]] [[organisaasje]] fan 'e [[Deenske minderheid yn Dútslân]]. Ek wurdt der sels wat jild binnenbrocht mei de eigen útjeften.
 
Boppedat hat it Noardfrysk Ynstitút – fia de ''Verein Nordfriesischer Institut'' – yn 'e mande mei de [[Noardfryske Feriening]], de [[Friisk Foriining]], de [[Heimatbund Landschaft Eiderstedt]] en de [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] [[Hilgelân]] sitting yn 'e [[Noardfryske Ried]] (Noardfrysk: ''Frasche Redj'' of ''Freeske Räid''). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e [[Noardfryske taal]], kontakten mei oare [[minderheid|minderheden]] yn [[Dútslân]] ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e [[Fryske Rie|Grutfryske Ried]] foarmet.