Sertifikaat fan muzykferkeap: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Graceland 2010-12-18 Memphis TN 26.jpg|right|thumb|180px|In [[goud (muzykferkeap)|gouden plaat]].]]
In '''sertifikaat fan muzykferkeap''' is in taastber bewiis dat wol wat op in [[priis (ûnderskieding)|priis]] liket, en dat útrikt wurdt as in [[artyst]] yn 'e [[muzyk]]yndustry fan in produkt in beskaat tal eksimplaren [[ferkeap|ferkocht]] hat. Hast alle [[lân|lannen]] hawwe op dit mêd in fariant fan it systeem fan 'ede [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Recording Industry Association of America]] (RIAA) ynfierd, wêrby't de ûnderskate sertifikaten ferneamd binne nei [[ealmetaal|ealmetalen]]. Mei't it systeem ynfierd is yn 'e tiid fan 'e [[grammofoanplaat]], sprekt men dêrby yn 'e regel noch altyd fan bygelyks in [[goud (muzykferkeap)|gouden plaat]].
 
De drompel dy't troch de [[ferkeap]]sifers oerstige wurde moat om in beskate rang fan sertifikaasje te krijen, ferskilt per [[List fan lannen en territoaria|lân of territoarium]], mei't dy ôfhinklik is fan 'e grutte fan 'e [[befolking]]. Teffens jilde der ferskillende drompels foar ferskillende produkten, lykas [[album (muzyk)|albums]], [[single (muzyk)|singles]], [[fideoklip]]s en [[muzyk]]downloads. Elts lân hat yn prinsipe in [[organisaasje]] dy't sokke dingen regelet en dy't ynternasjonaal oansletten is by de [[Ynternasjonale Federaasje fan de Fonografyske Yndustry]] (IFPI). Yn lannen en territoaria dêr't de muzykyndustry net botte fier ûntwikkele is, ferfollet de IFPI ek de rol fan nasjonale organisaasje.