Amelânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 39:
Oars as de oare eilândialekten fan it [[Waadgebiet]] hat it Amelânsk in hege maatskiplike status. Dat komt fuort út it feit dat frijwol alle (autochtoane) eilanners harsels beskôgje as Amelanner ynstee fan as Fries of as Nederlanner. Yn dat ramt wurdt it Amelânsk sjoen as hearrend by de Amelânske identiteit. De âlderein is him boppedat tige by tige bewust fan 'e eigen [[skiednis]] fan it eilân as in ûnôfhinklike steat, sadat it dialekt ek in hege sosjaal-histoaryske status hat. Lykwols wurdt it praten fan Amelânsk beheind ta petearen dy't Amelanners ûnderling fiere, mei't men it yn 'e regel net foechsum fynt om it yn oare sitewaasjes (d.w.s. tsjin bûtensteanders) te brûken.
 
Yn kontrast mei de hege status dy't it Amelânsk op it eilân genietet, wurdt der dêrbûten faak op delsjoen om't men yn Nederlân dialekten noch gauris assosjearret mei de legere sosjale [[klasse]]nklassen en mei brekme oan [[ûnderwiis]]. Amelanners bekleie har der gauris oer dat Fryske toeristen tsjin 'e eilânbewenners Frysk prate om't se it Amelânsk as in Frysk dialekt beskôgje soene. Soks wurdt dan sjoen as bewiis foar de lytsachtsjende hâlding dy't de Friezen fan it fêstelân foar it Amelânsk en de Amelanners oer oannimme soene. It liket lykwols wierskynliker dat sokke Friezen fan tinken binne dat se har yn 'e eigen provinsje net hoege te ferbrekken; it idee dat immen dy't it Frysk as memmetaal hat, it Amelânsk foar in Frysk dialekt hâlde soe, is ommers wol tige ûnoannimlik.
 
Sok misbegryp liedt út en troch ta ûnplezierige ferbale konfrontaasjes. Op 'e gemeentlike [[webside]] hjit it dat "''het Amelander dialect weinig overeen [komt] met het Fries. De meeste inwoners van het eiland verstaan daarom deze taal ook niet.''" Mei't it Amelânsk net safolle ferskilt fan it [[Biltsk]] of it [[Stedsk]] en dy taalfoarmen mei it Frysk prima ûnderling fersteanber binne, liket it hjir mear te gean om in kwestje fan wollen as fan kinnen. Dy yndruk wurdt noch fuortsterke troch de resultaten fan in enkête op it Amelân, wêrby't men û.m. befrege waard nei de praktyske en estetyske skaaimerken fan ûnderskate talen. As it om 'e praktyske mooglikheden fan in taal gie, setten de Amelanners it [[Nederlânsk]] boppe-oan, folge troch it [[Dútsk]], it Amelânsk en hielendal ûnderoan it [[Frysk]]. Gie it om estetyk, dan joegen se fierwei de foarkar oan it Amelânsk, folge troch it Nederlânsk en it Dútsk, mei it Frysk hielendal ûnderoan.