Niger-Kongoleeske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
De '''Niger-Kongoleeske talen''' foarmje in tige grutte kloft [[Afrikaanske talen]], dy't kwa fersprieding it grutste part fan [[Afrika]] besuden de [[Sahara]] beslacht. Foarhinne waard dizze [[taalfamylje]] wol de '''Niger-Kordofaanske talen''' neamd, mar resint ûndersyk hat útwiisd dat de frij minmachtige [[Kordofaanske talen]] fan súdlik [[Sûdaan]], dêr't de folle gruttere Niger-Kongoleeske famylje mei besibbe wêze soe, sels hielendal gjin ienheid foarmje. Tsjintwurdich wurde guon fan 'e eardere Kordofaanske talen ûnderbrocht by de Niger-Kongoleeske kloft en oaren by de dêrmei net besibbe [[Nilo-Saharaanske talen]].
 
De Niger-Kongoleeske taalfamylje omfiemet krapoan 1.500 ûnderskate talen, mei in mienskiplik oantal sprekkers fan likernôch 600 miljoen minsken. It grutste part fan it ferspriedingsgebiet (fan [[Sintraal-Afrika]] oant de súdpunt fan it [[kontinint]] by [[Kaap de Goede Hoop]]) wurdt opmakke troch ien tûke, nammentlik de [[Bantû-talen]], dêr't û.m. it [[Sûlû (taal)|Sûlû]], it [[Swahily (taal)|Swahily]], it [[Rûandeesk]] en it [[Kikûjû (taal)|Kikûjû]] fan [[Kenia]] ta hearre. De oare tûken fan 'e Niger-Kongoleeske taalfamylje binne beheind ta [[West-Afrika]] en noardlik [[Sintraal-Afrika]]. Dêrta hearre û.m. it [[Wolof (taal)|Wolof]] fan [[Senegal]] en it [[Jorûba (taal)|Jorûba]] en [[Ibo (taal)|Ibo]] fan [[Nigearia]].
{{boarnen|boarnefernijing=