Ferstjerren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
rûntespier ----> slútspier
Rigel 3:
Hoe't it ferstjerren krekt ferrint, hinget yn hege mjitte ôf fan 'e fraach hoe't it proses yn wurking steld is en hoe fluch oft de dea ynset. It ferstjerren kin stadich of fluch gean, en der kin sprake wêze fan in [[bewustwêzen|bewust]] belibjen fan it proses troch de stjerrende, of fan in [[koma]], dêr't de stjerrende him [[bewusteleazens|ûnbewust]] troch is fan wat der mei him bart. As it ferstjerren stadich ferrint, is der faak sprake fan in [[sykte]] of fan in [[natuerlik ferstjerren]] troch [[ferâldering|âlderdom]]. Men sprekt dan [[oerdrachtlike sin|oerdrachtlik]] ek wol fan in [[siikbêd]] of [[stjerbêd]]. Yn in terminaal stadium binne in protte [[symptoom|symptomen]] itselde as by in persoan dy't yn [[shock]]tastân rekke is.
 
By sa'n stadich ferrinnend ferstjerren kinne ferskate fazen ûnderskaat wurde. It begjint wol mei in oplibbing fan 'e (bedrukte) [[stimming]] fan de stjerrende troch in [[gefoel]] fan [[eufory]]. Dêrby ferdwynt faak ek de [[pine]], as men dy hie. Dêrnei begjinne de [[sintúch|sintugen]] har funksje te ferliezen: it [[gesichtsfermogen]] nimt ôf, folge troch de [[smaak (sintúch)|smaak]]. (It [[gehoar]] bliuwt lykwols oan it lêst ta yntakt.) Dan begjinne de [[refleks (biology)|refleksen]] te ferminderjen, en kin men mar dreech mear [[slokken|slokke]] en [[hoastjen|hoastje]]. Dêrnei begjint in algemiene [[spierferslopping]]: de [[each|eagen]] en [[mûle]] slute net mear goed, en de [[rûntespierslútspier]]en fan 'e [[urineblaas|blaas]] en it [[rektum]] geane iepen, mei as gefolch dat der mooglik [[ynkontininsje]] plakfynt. De [[pupil (each)|pupillen]] fan 'e eagen wurde wider en de [[bloedsirkulaasje]] stûket, dêr't de [[hûd]] bleek en geizen en de [[lippen]] blauwich fan wurde. De hûd fielt tsjin dy tiid kâld en klam oan troch it brekme oan bloedstream.
 
Uteinlik makket it delgean fan 'e [[bloeddruk]] dat de stjerrende it [[bewustwêzen]] ferliest. Op 'e [[skonk]]en ûntsteane dan gauris dûnkere plakken: eilantsjes fan [[bloed]] dat troch de [[swiertekrêft]] nei ûnderen ta sakket om't de bloeddruk dan te leech is om it noch om te pompen. Dy 'eilantsjes' wurde ek wol lykplakken neamd, mar se foarmje in oar ferskynsel as de ''livor mortis'' of [[lykplakken]] dy't nei de yntrede fan 'e [[dea]] ûntsteane. De trekken fan it [[antlit]] wurde skerper om't it bloed fuortlûkt út 'e [[kapillêre bloedfetten]] om nei [[orgaan (lichemsdiel)|organen]] ta te rinnen dy't fan belang binne foar de ynstânhâlding fan it libben. Yn it lêste stadium fan it ferstjerren wurdt it [[sykheljen]] fan 'e stjerrende ûnregelmjittich, sawol yn djipte as yn frekwinsje. Boppedat kin it sykheljen fan 'e stjerrende [[benaudens (sykheljen)|benaud]] oandwaan en in ruteljend leven meitsje trochdat der út 'e [[bloedfet]]ten focht yn 'e [[longblaaske]]s bedarret yn in proses dat [[dekompinsaasje]] hjit.