Grot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Lechuguilla Cave Pearlsian Gulf.jpg|right|thumb|180px|[[Dripstien]]foarmen yn 'e [[Lechuguilla-grot]] yn [[Nij-Meksiko]].]]
In '''grot''' (fan it [[Frânsk]]e ''grotte''), '''spelonk''' (fan it [[Latyn]]ske ''spelaeum'') of '''rotshoale''' is in natuerlik foarme ûnderierdske romte yn [[rots]]eftige [[grûn]]. Dêrby giet it gauris om in gruttere romte. Wannear't sa'n soarte ûnderierdske romte lytser, nauwer en/of dreger tagonklik is of wurdt, sprekt men fan in '''holte'''. Ien grot kin út ferskate gruttere romten (of 'sealen'), gongen (of 'galerijen') en holten bestean. Faak binne der ek ferskate yngongen. In grot kin sadwaande in wier doalhôf wêze en reuseftige ôfmjittings oannimme. De langste grot fan 'e wrâld (ynsafier bekend) is [[Nasjonaal Park Mammoth Cave|Mammoth Cave]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steat|steat]] [[Kentucky]], mei in totale lingte fan 643 km. De djipste en teffens rjochtdelste grot fan 'e wrâld is de [[Voronjagrot]] yn [[Georgje]], dy't in hichteferskil omfiemet fan 2.197 m tusken de yngong en it djipste punt. Yn [[2013]] wiene der wrâldwiid 97 grotten bekend mei in djipte dy't grutter wie as 1.000 m. De [[tûke (betsjuttingsside)|tûke]] fan 'e [[wittenskip]] dy't grotten bestudearret, is de [[speleology]]; grotte-ûndersikers wurde sadwaande [[speleologen]] neamd. Speleology is in ûnderdiel fan 'e [[geology]].
 
==Foarming==
Grotten wurde faak foarme troch de oplossing fan ûndergrûnske [[kalkstien]]lagen yn [[wetterstofkarbonaat|koalsoerhâldend]] [[wetter]]. Dêrmei is it dan in [[karst (geografy)|karstferskynsel]]. De measte fan sokke grotten binne foarme troch in ûndergrûnske [[rivier]]. As se tsjintwurdich noch altyd streamend wetter omfiemje, sprekt men fan 'aktive grotten', is de rivier ferdwûn en de grot drûchfallen, dan sprekt men fan 'fossile grotten'. In bekend ferskynsel dat in protte yn grotten foarkomt, binne [[dripstien]]nen. Dat binne [[kegel]]foarmige [[jûkel]]s dy't troch drippend wetter foarme wurde en sawol hingjend as steand foarkomme kinne: hingjend op it plak dêr't it wetter fan it 'plafon' omleech dript, en steand op it plak dêr't de drippen op 'e flier fan 'e grot delkomme. Hingjende dripstiennen hjitte [[stalaktyt|stalaktiten]], wylst steande dripstiennen [[stalagmyt|stalagmiten]] neamd wurde. De faasje wêrmei't sokke dripstiennen groeie, is stadich mar fariabel. Guon groeie ien [[sintimeter]] yn [[tsien jier]], wylst oaren dêr [[tûzen jier]] oer dogge. As se âld genôch binne, kinne in stalaktyt en in stalagmyt oaninoar groeie; yn sa'n gefal sprekt men fan in dripstienpylder.
[[File:LombrivesEntree.jpg|left|thumb|250px|Utsjoch fan binnenút op 'e yngong fan 'ede [[Grot fan Lombrives]], yn [[Frankryk]].]]
 
==Bisten==
Foar in protte [[bist]]esoarten binne grotten in foarm fan húsfêsting dêr't se net sûnder kinne. Sokke bisten wurde [[troglofyl|troglofilen]] neamd. Men kin dêrby tinke oan [[flearmûzen]], dy't [[nacht]]s útfleane om op [[ynsekt]]en te jeien, mar [[dei|oerdeis]] hingjend oan it plafon fan grotten yn grutte [[koloanje]]s fan soms wol miljoenen eksimplaren [[sliep]]e. Oare bistesoarten komme útslutend yn grotten foar en sjogge nea it [[sinne|deiljocht]]. Dy bisten wurde [[troglobyt|troglobiten]] neamd. Faak binne dy útsûnderlik goed oanpast oan it [[libben]] yn oanhâldend [[tsjuster]] en binne harren [[each|eagen]] [[degeneraasje|degenerearre]] om't se dêr yn grotten neat oan hawwe. In goed foarbyld dêrfan is de [[olm (salamander)|olm]], in [[salamander]]soarte út beskate grotten yn [[Sloveenje]]. Oare bisten hawwe oanpassings om yn it tsjuster har paad fine te kinnen, lykas [[swypspinnen]], dy't sterk ferlinge [[foarpoat]]enfoarpoaten hawwe dêr't se mei [[taastsin|taaste]] kinne. Yn guon grotten yn [[Australaazje]] produseare de [[larve]]n fan 'eit [[langpoat]]esoartelangpoatesoarte ''[[Arachnocampa luminosa]]'' troch in [[gemy]]sk proses dat [[bioluminesinsje]] hjit in blau-griene gloede, wêrmei't se [[proai]]en lokje. Yn 'e [[Waitomo-grotten]] fan [[Nij-Seelân]] is dy gloede sa spektakulêr, dat der op deistige basis hûnderten [[toeristen]] op ôfkomme.
 
==Minsklike bewenning==