Ferâldering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 2:
'''Ferâldering''' is it proses fan it âlder wurden, oftewol it berikken fan in gruttere [[âlderdom]]. Dat is yn prinsipe in hiel stadige ôftakeling dy't begjint mei it ophâlden fan 'e [[groei (organisme)|groei]] as in [[organisme]] [[folwoeksen]] wurdt en einiget mei it [[ferstjerren]]. Ferâldering is in ferskynsel dat benammen fan tapassing is op [[minske]]n, de measte [[bisten]], [[skimmels]] en [[ienjierrige plant|ien]]-, [[twajierrige plant|twa]]- en [[mearjierrige plant]]en, wylst [[baktearjes]], [[oerjierrige plant]]en en beskate ienfâldige bisten potinsjeel [[ûnstjerlikens|ûnstjerlik]] binne en sadwaande dus ymmún foar ferâldering. Yn 'e [[biology]] en de [[genêskunde]] kin ferâldering brûkt wurde as oantsjutting foar wat der bart mei [[libben]]e [[sel (organisme)|sellen]] dy't harsels net mear opdiele. Yn 'e [[demografy]] is ferâldering (of [[fergrizing]]) in proses wêrby't yn in [[befolking]] minder [[bern (persoan)|bern]] te wrâld komme, mei as gefolch dat âldere leeftydsgroepen hieltyd grutter wurde yn ferhâlding ta jongere.
 
By [[minske]]n wurdt mei de term 'ferâldering' ornaris net inkeld ferwiisd nei in oanhâldend proses fan stadige [[minsklik lichem|lichaamlike]] ôftakeling, mar ek nei de [[psyche|psychyske]], [[psychology]]ske en [[maatskiplik]]e feroarings dy't dêrmei mank geane. Sa nimt bgl.bygelyks mei it oprinnen fan 'e âlderdom de [[faasje|fluggens]] ôf wêrmei't men op hommelse feroarings yn jins om-en-by reägearret. Oan 'e oare kant garret men mei it oprinnen fan 'e âlderdom stadichoan mear [[kennis]] fan 'e wrâld op, dêr't jins [[wiisheid]] grutter troch wurde kin. It ôfnimmenminder wurden fan 'ede lichaamlike kondysje troch ferâldering is ien fan 'e grutste oarsaken fan [[sykte]] by de minske. Fan 'e rûchwei 150.000 minsken dy't wrâldwiid eltse dei komme te ferstjerren, beswykt likernôch twatrêde part oan oarsaken dy't direkt of yndirekt te krijen hawwe mei ferâldering.
 
Wat it proses fan ferâldering krekt feroarsaket, is ûnwis. Anno [[2018]] binne de mienings fan saakkundigen op dit mêd ferdield. Guon hingje it saneamde 'skea-konsept' oan, en binne fan betinken dat ferâldering wierskynlik te witen is oan in kumulative opheaping fan oprûne skea (lykas [[DNA-oksidaasje]]). Dêrtroch soene biologyske systemen it úteinlik bejaan. Oaren hechtsje mear wearde oan it saneamde 'programmearre ferâlderingskonsept', dat ynhâldt dat ynterne prosessen yn libbene wêzens (lykas [[DNA-metylaasje]]) ferâldering feroarsaakje soene om't se dêrta 'programmearre' binne. De ûntdekking, yn [[1934]], dat [[kaloryrestriksje]]kalory-restriksje de libbensspanne by [[rotten]] 50% langer meitsje kin, hat oanlieding jûn ta oanhâldend ûndersyk nei it fertraagjen en foarkommen fan ferâldering. De [[tûke (betsjuttingsside)|tûke]] fan 'e [[wittenskip]] dy't him taleit op sok ûndersyk, is de [[gerontology]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=