Korrupsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Say no to bribes in Chipata, Zambia.jpg|right|thumb|300px|In oanplakboerd yn [[Sambia]] mei in poster dy't de ljuminsken opropt om nee te sizzen tsjin korrupsje.]]
'''Korrupsje''' (fan it [[Frânsk]]e ''corruption'', "ferrotting") is in foarm fan ûnearlik, ûnoprjochte of [[etyk|ûnetysk]] hâlden en dragen troch in persoan dy't in posysje fan gesach beklaait, yn 'e regel mei as doel om der sels better fan te wurden. It kin ek bedoeld wurde om nauwe bûnsgenoaten (lykas [[famylje (besibskip)|famylje]], freonen of kunde) der better fan wurde te litten; dy spesifike foarm fan korrupsje wurdt [[nepotisme]] neamd (as it om famylje of goede freonen giet) of [[kliïntalisme]] (as it om kunde of kunde fan kunde giet). Korrupsje kin in ferskaat oan yllegale aktiviteiten omfiemje, lykas [[omkeaping]], [[fertsjustering]] en [[fraude]], hoewol't it ek in protte dingen omfetsje kin dy't yn in protte [[lân|lannen]] [[wet|legaal]] binne.
[[Ofbyld:UNCAC 1.png|thumb|left|160px|Konvinsje fan 'e Feriene Naasjes tsjin korrupsje.]]