Moon Called: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 29:
Mei Mac feilich op 'e noed fan Adam tinkt Mercy dat it spul moai berêden is, oant se in dei letter midden yn 'e nacht wekker wurdt troch in alderferskuorrendst trelit by de buorlju. As se derôf komt om te sjen wat der geande is, fynt se Mac dea en wit se mar kwealk it libben fan 'e Adam te rêden, troch op 'e nij, en diskear mei har mei [[sulver]]en [[kûgel]]s laden [[gewear]], in frjemde wearwolf te deadzjen. Adam, in [[skieding (houlik)|skieden]] heit, blykt swierferwûne te wêzen, en de oanfallers hawwe syn [[dochter|tinerdochter]] Jesse [[ûntfiering|ûntfierd]]. Mercy sit der net oer yn dat Adam it net helje sil, want wearwolven binne sa taai as hier en genêze boppedat tige fluch. It probleem is dat Adam sa raar gesteld is dat er de wolf yn him net ûnder kontrôle hâlde kinne sil as er wer bykomt. As er dat sels net dwaan kin, is der in oare dominante wolf nedich om it foar him te dwaan, mar Mercy fermoedet dat der in [[ferrieder]] yn 'e Kolumbia-troep sit.
 
Sadwaande laadt se Adam yn har [[Folkswein|VW-buske]] en riidt hielendal nei it [[berch]]lân fan [[Montana]] ta, dêr't Bran Cornick wennet, de marrok, de alfa fan 'e alfa's, dy't hearsket oer alle wearwolven yn [[Noard-Amearika]]. Mercy kin de marrok goed, want hja is troch him en de oare wearwolven fan syn troep grutbrocht. (Nei't har mem koart nei har berte in prêrjewolvepup yn 'e [[widze]] oantrof, frege se in [[âldomke]] fan harres om rie fan wa't yn 'e [[famylje (sibskip)|famylje]] de rop gie dat er in wearwolf wie. Fia-fia kaam se doe yn kontakt mei de marrok, dy't de jonge [[stalferwikseling|stalferwikselster]] ûnder syn hoede naam.) Oankommen yn Aspen Creek, de sit fan 'e marrok, moat Mercy in pear dagen wachtsje oant Adam safierhinne opbettere is dat er syn wolf wer de baas kin. Samuel Cornick, de soan fan 'e marrok en Mercy har [[pleechbroer]] en earste [[leafde]], reizget mei werom nei Washington om't er in [[dokter]] is.
 
As se wer thús is, tinkt Mercy op 'e nij dat se klear is mei de hiele kwestje. Hoewol't se wol yn noed sit oer Jesse, hat se der alle fertrouwen yn dat Adam, Samuel en de wearwolven fan 'e Kolumbia-troep de saak oplosse sille. Oant Adam op in stuit ferdwynt. Mercy fermoedet dat de mysterieuze tsjinstanners Jesse brûkt hawwe om him yn in mûklaach te lokjen. Se rekket fannijs oan kop en earen ta yn 'e saak behelle as David Christiansen, in wearwolf dy't as [[hierling]] foar de tsjinstanners wurke, har thús opsiket om't it him net oanstiet wat syn opdrachtjouwers dogge. Christiansen fertelt wêr't Adam en Jesse fêstholden wurde, en hy, Mercy, Samuel en Darryl Zao, de plakferfangend lieder fan 'e Kolumbia-troep, betinke dan in plan om harren beiden ûnskansearre frij te krijen en foargoed ôf te weven mei de lju dy't efter de ûntfiering sitte. Mercy har fermogen om harsels te feroarjen yn in prêrjewolf komt dêrby goed fan pas, en se spilet in krúsjale rol by de befrijing fan 'e beide finzenen. Uteinlik blykt it hiele spul te draaien om in komplekse gearspanning mei as doel om 'e marrok ôf te setten en te ferfangen.