Skors: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 2:
De '''skors''' of '''beamskors''' is de bûtenste laach fan 'e [[stâle (diel fan in plant)|stâlen]] en [[stam (beam)|stammen]] fan [[houtplanten]], en it ôfstoarne, bûtenste part fan 'e [[bast]]. Skors bestiet út [[koark (stof)|koark]]. De wanden fan 'e sellen derfan binne ûntrochlittend wurden troch de ôfsetting yn 'e [[selwand]] fan [[suberine]], dat sterk op [[lignine]] liket. Dêrtroch fungearret de skors as in soartemint [[hûd]] foar de plant, dy't beskerming biedt tsjin alderhanne ynfloeden fan bûtenôf, lykas [[skimmels]], [[baktearjes]] en skansearrings.
 
De bekendste skorsfoarm is dy fan 'e [[koarkiik]] (''Quercus suber''), in [[beam]] út 'ede [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[bûk (beam)|bûkeftigen]] (''Fagaceae''), dy't yn it [[Middellânske See|Middellânske-Seegebiet]] groeit, fral op it [[Ibearysk Skiereilân]]. Om 'e tsien jier is dêrfan de skors oangroeid ta in rispbere laach, dêr't [[koark (stop)|koarken]] fan makke wurde foar de ôfsluting fan û.o. [[wyn (drank)|wyn]]flessen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=