Famylje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Parents_with_child_Statue_Hrobakova_street_Bratislava.JPG|thumb|right|250px|In [[stânbyld]] fan twa [[âlden]] mei in [[bern (persoan)|bern]] yn [[Bratislava]].]]
In '''famylje''' (fan it [[Latyn]]ske ''familia'') is in netwurk fan [[ynterpersoanlike relaasje]]s op basis fan [[besibskip]] troch [[ôfstamming]], [[houlik]], [[pleechsoarch]] of [[adopsje]], dy't yn alle [[minske|minsklike]] [[kultuer]]en de grûnslach fan 'e [[maatskippij]] foarmet. Alle famyljes kinne opdield wurde yn twa helten: de kearnfamylje, better bekend as it [[gesin]], dat bestiet út [[âlden]] en harren [[bern (persoan)|bern]], en de bredere famylje (ta ûnderskie soms oantsjut mei de [[Ingelsk]]e term ''[[extended family]]''), dêr't ek [[pake]]s en [[beppe]]s, [[omke]]s en [[muoike]]s, [[neef (famylje)|neven]] en [[nicht (famylje)|nicht]]en, ensfh. ta rekkene wurde.
[[File:Besibskip.PNG|left|thumb|450px|Besibskipsrelaasjes yn in [[famylje (sibskip)|famylje]].]]
 
Fierders binne der beskate soarten famyljes. De [[skoanfamylje]] of oantroude famylje is dat part fan 'e famylje dêr't men inkeld mei besibbe is fia it [[houlik]] mei jins [[oarehelte|man of frou]]. Hjirby giet it dus eins om 'e famylje fan dy man of frou, en net om jins 'eigen' ([[biology]]ske) famylje. De leden fan in [[styffamylje]] binne lju dêr't men mei besibbe is fia de houliksbân fan ien fan jins âlden, dy't dan yn 'e regel sletten is nei jins eigen [[berte]] út in eardere [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]]. [[Healbroer|Healbruorren]] en [[healsuster|-susters]] binne bern dy't ien (mar net de oare) fan 'e beide âlden mei jinsels gemien hawwe. In [[pleechfamylje]], ta einbeslút, is in famylje dêr't men yn [[adopsje|oannommen]] is, mar dêr't men fierder alhiel gjin ôfstammingsbesibskip mei hat.