Platemaatskippij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
In '''platemaatskippij''', ek wol in '''platelabel''' neamd, is in [[bedriuw]] dat [[muzyk]] produsearret dy't fêstlein is op [[lûdsdrager]]s. Sokke lûdsdragers, wêrby't it gean kin om [[grammofoanplaat|grammofoanplaten]], [[kassettebantsje]]s, [[cd's]] en [[dvd's]], wurde troch it bedriuw [[hannel|ferhannele]]. Platemaatskippijen hâlde harren dêrom net inkeld dwaande mei de kreätive kant fan it meitsjen fan 'platen' (sa't alle lûdsdragers foar it gemak faak oantsjut wurde), mar ek mei de [[distribúsje]] en [[marketing]] fan 'e einprodukten. (Dêrby moat oantekene wurde dat de fysike distribúsje faak útbestege wurdt oan spesjalisearre muzykdistributeurs.) Immen dy't in liedingjaande funksje by in platemaatskippij beklaait, wurdt in '''plateprodusint''' of '''muzykprodusint''' neamd. De oerienkomst tusken in platemaatskippij en in artyst om syn of har muzyk te produsearjen hjit in '''platekontrakt'''.
 
It [[synonym]] 'platelabel' ferwiist yn letterlike sin [[histoarysk]] nei it [[etiket]] yn 'e midden fan in grammofoanplaat. Njonken de [[namme]] fan 'e útfierende [[muzikant]] en de [[titel (namme)|titels]] fan 'e plaat en de [[liet]]en op 'e plaat stiet dêrop nammentlik ek de namme fan 'e platemaatskippij mei syn [[logo]] fermelden. Dêrtroch is men meitiid de term 'platelabel' begûn te brûken as men eins 'platemaatskippij' bedoelt. Tsjintwurdich wurdt muzyk behalven op lûdsdragers ek beskikber makke foar de [[ferkeap]] as [[ynternet|digitale]] [[download]]. In bedriuw dat muzyk allinnich mar op dy wize oanbiedt, wurdt in [[netlabel]] neamd.
Rigel 5:
Om 'e [[merknamme]] sterk te meitsjen, is in platelabel faak oan mar ien [[sjenre|muzyksjenre]] ferbûn, lykas [[popmuzyk]], [[country & western]] of [[klassike muzyk]]. In platemaatskippij kin lykwols mear as ien platelabel fiere om ferskate sjenres, merken en doelgroepen te berikken. Dat is ferlykber mei hoe't [[útjouwerij]]en faak ferskate [[ymprint]]s hawwe om [[boek]]en ûnder te publisearjen. Yn 'e praktyk binne ferskate platelabels faak yn ien hân kommen troch [[fúzje|oernames]] en [[fúzje]]s.
 
De grutste platemaatskippijen fan 'e wrâld binne sûnt [[2012]] de [[Universal Music Group]], [[Sony Music Entertainment]] en de [[Warner Music Group]], dy't ek wol de 'Grutte Trije' neamd wurde. Se hawwe harren status as grutsten berikt troch oanhâldend oare platemaatskippijen oer te nimmen. Fan [[1988]] oant [[1999]] wiene der seis grutte platemaatskippijen, dy't doe oantsjut waarden as de 'Grutte Seis': de [[Warner Music Group]], [[EMI]] (Electric and Music Industries), [[Sony Music Entertainment]] (oant [[jannewaris]] [[1991]] bekend as CBS Records), [[Bertelsmann Music Group|BMG]] (Bertelsmann Music Group), de [[Universal Music Group]] (oant [[1996]] bekend as MCA Music) en [[PolyGram]]. In platemaatskippij dy't gjin bannen ûnderhâldt mei ien fan 'e Grutte Trije wurdt in [[ûnôfhinklik platelabel]] neamd.
 
{{boarnen|boarnefernijing=