Underhanneling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L red
 
Rigel 1:
[[File:Treaty of trianon negotiations.jpg|right|thumb|250px|De ûndertekening fan it [[Ferdrach fan Trianon]], op [[4 juny]] [[1920]].]]
In '''ûnderhanneling''' is in [[dialooch]] tusken twa of mear [[minske|persoanen]] of partijen om in [[oerienkomst]], [[kontrakt]] of [[ferdrach]] te berikken. Sa'n oerienkomst kin foar alle belutsenen optimaal wêze, mar it is ek mooglik dat ien persoan of partij oan it langste ein lûkt, of guon fan de'e persoanen of partijen. Meastal wurdt hjirby sprutsen fan '''ûnderhannelings''' yn 'e [[meartal]]sfoarm. Underhannelings binne bedoeld om in [[kompromis]], of alteast oerienstimming, te berikken op punten dêr't ferskil fan ynsjoch of ferskil fan miening bestiet. Men docht soks ornaris troch in begjinpunt te formulearjen, in saneamde '''ûnderhannelingsposysje''', en yn 'e rin fan it oerlis stadichoan lytse [[konsesje]]s te dwaan yn 'e rjochting fan 'e ûnderhannelingsposysje fan 'e tsjinpartij(en). Om foar alle belutsenen in optimale útkomst te bewurkmasterjen, soene de partijen inoar úteinlik 'yn 'e midden' tusken de ûnderhannelingsposysjes moetsje moatte.
 
Yn de'e praktyk rint it lykwols net altyd sa, mei't it gauris foarkomt dat ien of mear fan 'e partijen in sterkere ûnderhannelingsposysje hawwe as de oare(n). In klassyk foarbyld dêrfan binne ûnderhannelings oan 'e ein fan in [[oarloch]], wêrby't de oerwinners mear yn 'e molke te krommeljen hawwe as de ferliezers. Soks kin lykwols liede ta in brike útkomst dy't de ferhâldings foar langere tiid yn negative sin beynfloedzje kin. Sa waard [[Dútslân]], de ferliezende partij yn 'e [[Earste Wrâldoarloch]], by de ûnderhannelings dy't laten ta it [[Ferdrach fan Versailles]], troch de oerwinners (benammen op ynstigaasje fan [[Frankryk]] en [[Belgje]]) tige swiere strafmaatregels oplein. [[Histoarikus|Histoarisy]] ornearje dat dat ien fan wichtichste oanliedings wie foar de opkomst fan it [[nazisme]] yn Dútslân, dat meitiid wer ta de [[Twadde Wrâldoarloch]] late.
 
Foar ûnderhannelings moat der meiwurking fan alle partijen wêze; sûnder meiwurking liede ûnderhannelings nearne ta. Yn dat ramt is it fan grut belang dat der in mjitte fan [[fertrouwen]] tusken de partijen bestiet. Faak kinne ûnderhannelings makliker makke wurde troch de ynset fan in [[midsman]], dy't tusken de ûnderskate partijen [[bemiddeling|bemiddelet]]. Yn 'e ynternasjonale betrekkings foarmje ûnderhannelings ien fan 'e wichtichste ûnderdielen fan 'e [[diplomasy]]. Mar ûnderhannelings fine ek plak yn 'e [[ûndernimming|sakewrâld]], [[hannel]] ('hantsjebakken'), [[detailhannel]] ('ôftingjen'), yn 'e nasjonale, regionale en lokale [[polityk]], tusken de ferskillende ynstânsjes fan ien en deselde [[oerheid]], en ek yn it [[dei]]stich [[libben]] fan eltsenien, as ûnderdiel fan it arbeidsproses, it [[houlik]] (en [[skieding (houlik)|skieding]]), de [[opfieding]], ensfh. De tûke fan 'e [[wittenskip]] dy't ûnderhannelings bestudearret, wurdt de [[ûnderhannelingsteory]] neamd. Lju dy't foar ûnderhanneljen trochleard hawwe, binne û.o. [[diplomaten]] en [[gizelingsûnderhanneler]]s.