Baan (astronomy): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Lebel: Al weromset
L Bewurkings fan "Tulp8" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Lebel: Weromdraaiïng
Rigel 1:
[[File:STS-130_Endeavour_flyaround_5.jpg|right|thumb|250px|It [[ynternasjonaal romtestasjon ISS]] yn in baan om de [[Ierde]].]]
In '''baan''' is yn 'e [[astronomy]] en de [[natuerkunde]] de troch [[swiertekrêft]] krom makke beweging fan in [[objekt]] om in oar, grutter objekt hinne. Yn 'e regel giet it dêrby om in [[himellichem]] lykas in [[stjer]] dêr't [[planeten]] omhinne draaie, of in [[planeet]] dêr't [[moanne (byplaneet)|moannen]] omhinne draaie. Men hat it dêrom yn dizze kontekst faak oer in 'baan om 'e [[sinne]]' of in 'baan om 'e [[Ierde]]'. Yn [[wittenskip]]like fermiddens wurdt ynstee fan 'baan', dat sa'n soad oare betsjuttings hat, faak de sekuerdere [[Ingelsk]]e term '''orbit''' brûkt. Men sprekt fan in '''orbitale baan''' as it lytsere objekt teminsten ien folsleine omsirkeling fan it gruttere objekt foltôget. Is dat net it gefal, dan sprekt men fan in '''suborbitale baan'''. De [[tûke (betsjuttingsside)|tûke]] fan de'e [[wittenskip]] dy't him dwaande hâldt mei de berekkening fan sokke banen, hjit de [[himelmeganika]].
 
==Eftergrûn==
Oan it begjin fan de'e [[santjinde iuw]] formulearre de [[Dútslân|Dútske]] [[astronoom]] [[Johannes Kepler]] de bewegings fan 'e planeten fan it [[sinnestelsel]] yn de'e saneamde [[wetten fan Kepler]]. Letter toande de [[Ingelân|Ingelske]] [[natuerkundige]] [[sir]] [[Isaac Newton]] oan dat Kepler syn wetten ôflaatber wiene fan syn eigen wetten fan 'e [[swiertekrêft]]. Fierders bewiisde er dat twa [[himellichem]]s banen folgje wêrfan't de omfang omkeard evenredich is oan harren [[massa]], om in mienskiplik [[massamulpunt]] hinne. As ien himellichem folle swierder is as it oare, falt dat swiertepunt likernôch gear mei it [[mulpunt]] fan it swierste himellichem.
 
By keunstmjittige [[satellyt|satelliten]] om in [[planeet]] en by lytse planeten om in [[stjer]] kin it massamulpunt lyksteld wurde oan it mulpunt fan it swierste himellichem, mei as gefolch dat bgl. fanút in satellyt yn in baan om 'e [[Ierde]] hinne sjoen, de Ierde stil liket te te stean. Oars wurdt it as de ferskillen yn massa lytser binne. Om't it massamulpunt fan 'e Ierde en de [[Moanne (himellichem)|Moanne]] bûten it mulpunt fan 'e Ierde leit, draait de Moanne net inkeld om 'e Ierde hinne, mar de Ierde eins ek om 'e Moanne hinne. In ferlykbere sitewaasje docht him foar by de [[Sinne]] en de planeet [[Jupiter (planeet)|Jupiter]].
Rigel 11:
 
==Baan om de Ierde hinne==
Yn banen om 'e [[Ierde]] hinne draait ien natuerlike satellyt (de [[Moanne (himellichem)|Moanne]]) en draaie in grut tal keunstmjittige [[satellyt|satelliten]] dy't dêr troch de [[minskheid]] pleatst binne. De foarm fan dy banen rint útinoar fan frijwol [[sirkel]]foarmich oant mear [[ellips (wiskunde)|elliptysk]]. Op basis fan 'e hichte fan 'e satelliten sjoen fanôf it Ierdoerflak wurde se klassifisearre as yn in lege baan (''low Earth orbit'', LEO) of yn in hege baan (''high Earth orbit'', HEO). Binnen dy beide kategoryen[[kategory]]en wurde subkategoryen ûnderskaat wêrby't net inkeld de hichte fan 'e baan, mar ek de foarm beskiedend is.
 
===LEO===