Doniastate (Easternijtsjerk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
'''Doniastate''', '''Donia Sathe''' of '''Doma''' lei oan de Ropsterwei 5 súdeastlik fan [[Easternijtsjerk]], gemeente [[Dongeradiel]]. Op it steed stiet no in pleats.
 
De Abtenlevens fan Mariengaarde beskriuwe de famylje fan Dodo te Easternijtsjerk yn meardere generaasjes; it goed fan dy famylje wienen yn de [[12e iuw]] as tarêsting fan de oan St. Cecilia wijde parochytsjerke en fan de Mariengaarder [[úthôf (kleaster)|úthôf]]. It tsjerklike goed en dat fan de úthôf foarmen dan ek in oanienslutend kompleks. Krektas yn Bernarda- of Bannerhûs by [[Lichtaard]] liket it komplete adelsgoed sa in religieuze bestimming krigen te hawwen. Nijsgjirrich is dat ien fan de sates op it úthofterrein Donia hjitte, in namme dy't komt fan de foarnamme Dodo. Inselde parallel tusken foarnamme en hûsnamme falt yn de 13e iuw ek by oare huzen fêst te stellen. Sa bygelyks yn [[Bannerhûs]] yn Lichtaard, [[Jelgerhûs]] en [[Kammingaburch|Camminghaburen]] by Ljouwert, en [[Sjuxmastate|Siuxma]] yn [[Waaksens (Súdwest-Fryslân)|Waaksens]].
 
Donia Sathe is sûnt 1977 as wenbuorkerij yn gebrûk. Under oaren arsjitekt [[Gunnar Daan]] har der wenne.