Seelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 30:
Sûnt de [[midsiuwen]] is de striid tsjin it wetter en rede tried troch de skiednis fan Seelân. Oanwinning en ferlies fan lân wiskelen elkoar ôf. Benei de heule provinsje (útsein de dunestreek) leit op of ûnder [[seenivo]]. It lânskip is in lapetekken fan polders en diken. De geografy fan Seelân is yn de rin fan de tiid bot feroare. De protte lytsere eilannen binne stadichoan oan elkoar fêstgroeid ta de gruttere (skier)eilannen fan no. Guon eardere gebieten stean no ûnder wetter (û.o. it ''[[Ferdronken Lân fan Saaftinge]]'' en it ''[[Ferdronken Lân fan Súd-Bevelân]]'').
 
Yn de 16e en 17e iuw hat Seelân, lykas Hollân, in grutte bloeiperioade meimakke. Siuwske stêden sa as [[Middelburch (stêd)|Middelburch]], [[Flissingen (stêd)|Flissingen]], [[Sieriksee]] en [[Feere]], spilen doe - as ynternasjonale havenstêd - in rol fan belang yn de [[Lege Lannen]]. Middelburch wie oant de ein fan de [[16e iuw]] de grutste keapstêd fan de Noardlike Nederlannen en oant en mei it tredde fearnpart fan de 17e iuw, mei 27.000 oant 30.000 ynwenners, de - op fjouwer nei - grutste stêd (grutter as De Haach en Utert) fan it lân. Nei [[Amsterdam]] wie Middelburch, oant de ein fan de 17e iuw ta, de grutste havenstêd fan de Republyk. Yn Middelburch wie de [[Admiraliteit]] fan Seelân festige. As [[VOC]]-stêd hie Middelburch (Keamer fan Seelân) heal safolle macht as Amsterdam; Middelburch wie lykwols like wichtich as de fjouwer oare VOC-stêden: [[Delft]], [[Inkhuzen]], [[Hoarn (Noard-Hollân)|Hoarn]] en [[Rotterdam]] by elkoar.
 
Yn de [[18e iuw]] roan de wolfeart yn Seelân tebek. Yn 1795 hie Middeburch sa'n bytsje itselde ynwennertal as [[Haarlim]] en Grins en wie mei 20.146 sielen (nei de boppe neamde stêden en Amsterdam, Rotterdam, De Haach, Utert en Leien) noch de achtste stêd fan Nederlân. Zierikzee wie yn 1795 mei 6086 ynwenners de twadde stêd fan Seelân. De oare Siuwske stêden fan belang wienen Flissingen, [[Goes (stêd)|Goes]] en Feere mei, yn 1795, respektyflik: 5691, 3711 en 1860 ynwenners.
 
Mei de komst fan it [[spoar]] waarden [[Súd-Bevelân]] en Walcheren yn de [[19e iuw]] troch damen mei it fêstelân fan [[Noard-Brabân]] ferbûn. Sûnt 1872 leit der in spoar tusken Flissingen, Middelburch, Goes, Bergen op Zoom en Roosendaal: de saneamde Siuwske Line. Siuwsk-Flaanderen hat wol in goederenspoar en in tunnel ûnder de Westerskelde troch, mar fierders is dat part fan Seelân ôfsnien fan de rest fan Nederlân.