Parregeaster Mar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
De '''Parregeaster Mar''' wie in mar west fan [[Parregea]]. It wie in tige fiskrike mar, en wie de grûn foar it ûntstean fan it doarp yn likernôch de 13e iuw.
 
De mar wie yn it noarden by de [[Jakleset]] ferbûn mei de [[Makkumer Mar]] en yn it suden fia de [[Yndyk (Súdwest-Fryslân)|Yndyk]] mei de [[Warkumer Mar]]. De trije marren mei-inoar waarden troch de kwelderrich dêr't ûnder oaren [[Warkum]] op leit, skaat fan de [[Fliestream]]. Troch dy rich ôfskerme, wie dit lân net berikber foar it [[tij]], dat der waard hjir yn de marren gjin sânboaiem ôfset, en ek waarden de marren net útspield ta ien grut mar. Yn de rin fan de iuwen wie de Parregeaster Mar lykwols al gearwoeksen mei de [[Feikemar]] en de [[Ypebuorster Mar]]. Fan 1876 oant 1879 waarden al dizze marren drûchmakke, en waard de feanboaiem ta greidlân.
 
Ornaris wurdt de hjoeddeiske [[Parregeastermarpolder]] noch hieltyd oantsjut as ''Parregeaster Mar''. De polder komt ek foar yn ferskate stúdzjes foar it wer ûnder wetter setten fan in tal Fryske marren, dat it is mûglik dat der yn de takomst wier wer in mar wêze sil.