Grutte Tsjerke (Flissingen): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Grutte- of Sint-Jabikstsjerke ''Grote- of Sint-Jacobkerk'' | ôfbylding = Vliss StJacob.jpg | ôfbyldingsbree..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 24 okt 2020 om 14.23

De Grutte- of Sint-Jabikstsjerke (Grote- of Sint-Jacobskerk) is de haadtsjerke fan de stêd Flissingen yn de provinsje Seelân. De oarspronklik roomske tsjerke stiet sintraal op de Oude Markt en is sûnt de reformaasje in protestantske tsjerke. Sûnt 2004 fâlt de tsjerke ûnder de PKN.

Grutte- of Sint-Jabikstsjerke

Grote- of Sint-Jacobkerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Seelân
plak Flissingen
adres Oude Markt
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1308-1328
boustyl Gotyk
offisjele webside
PKN Flissingen

De bou fan de goatyske tsjerke is in kombinaasje fan in pseudobasilyk en in halletsjerke: de sydskippen binne hast like breed as it middenskip, de trije skippen hawwe elts in eigen ferwulft en it middenskip is heger as de sydskippen ek al ûntbrekt in ljochtbeuk

Skiednis

 
De útbaarnde tsjerke yn 1911

De tsjerke waard tusken 1308 en 1328 boud. Fan dy tiid datearret it ûnderste diel fan de tsjerketoer. De goatyske spits waard yn 1501 ferfongen troch in houten spits dy't op de hjoedeiske liket.

Troch in grutte brân yn 1911, ûnstien by reparaasjewurk yn it noardlik transept fan de tsjerke, baarnde de tsjerke folslein út. De spits fan de toer stoartte yn en kaam yn de tún fan de tsjerke telâne. By de brân gyngen njonken de ynrjochting ek de eartiidske oargels ferlern, wêrûnder it monumintale haadoargel út 1769.

It noardlike dwersskip wie eartiids ornearre as Ingelske tsjerke en waard mei in muorre ôfskieden fan de rest fan de tsjerke. Nei de grutte brân is in grut diel dêrfan ferneatige, de âlde poarte is noch te sjen oan de Branderijstraat njonken de pastory. De Ingelsen ferhûzen yn 1914 nei de nije Ingelske Tsjerke op it plak fan it hjoeddeiske stedhûs oan de Paul Krugerstraat.

Ynrjochting

Yn de tsjerke leine ea 466 grêven, mar nei de brân bleau dêr mar in lyts tal fan in oer. De tsjerke hat noch ien epitaaf, acht roubuorden, wêrûnder dy fan Cornelis Lampsins en in grêfmonumint út 1780. It grêfmonumint is fan Daniël Octavus Barwell, immen dy't op de Woestduin reizge dy't skipbrek.

Yn 1966 waard yn de stjerke it De Ruyterraam ynbrocht. Yn de tsjerke is Michiel de Ruyter doopt en troud.

It karriljon yn de toer is it fjirde karriljon fan de tsjerke en waard yn 1951 ophongen.

Oargels

 
Ynterieur mei Flentrop-oargel

De tsjerke is trije oargels ryk: it grutte Flentrop-oargel út 1968, it Slooff-koeroargel út 1971 en it mobile Klop-kistoargel út 2004.

It Flentrop-oargel ferfong in ynstrumint fan Van Dam, dat yn 1916 nei de brân fan 1911 oanskaft waard. It Van Dam-oargel rekke yn de Twadde Wrâldkriich skansearre en hie ek te lijen fan de Wettersneed fan 1953. Foar de grutte brân hie de tsjerke in oargel út 1769 fan Albertus fan Os út Flissingen. It alderearste oargel fan de tsjerke datearre lykwols út 1690. It gyng om lyts oargel fan de Flaamske oargelbouwer Cornelis Ramault. De Ingelske tsjerke yn it noardlik transept hie in eigen oargel, dat yn 1792 troch Frederik van der Weele út Middelburch boud wie en troch de brân yn 1911 ferneatige waard.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.