Hilligerlee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 40:
It kleaster fan Hilligerlee waard neffens in kleasterkronyk yn [[1231]] stifte yn Asterle tusken de doarpen Winsewida en Westerle yn in "iensum en dreech te berikken gea, dêr't gjin minske kaam en gjin man wenne". De namme ''Asterle'' of ''Asterlo'' (1289) betsjut "Easterlee". Yn [[1391]] waard sprutsen fan ''Hilligen Lee'' en ''Heliger Lee'', en yn [[1498]] fan ''dat Clooster to Hilligerlee'' en om [[1580]] hinne fan ''Hilgerlohe''.
 
It taheaksel ''-lee'' (''-lie'', ''leek'', ''lits'', ''lethe'') ferwiist nei in rinnend wetter. Te ferlykjen binne de nammen [[De Like (plak)|De Like]], [[Liens]], [[De Lethe]], de Lidden en Dunelee (de lêste twa waarden ferdronken yn de Dollard) en it ferdronken doarp Jadeleh yn de boezem fan de [[Jade (rivier)|Jade]]. It taheaksel ''loo'' ferwiist nei in beboske hichte, sa as yn bygelyks [[Vriescheloo]].
 
Yn it earste gefal soe it gean kinne om de lytse rivier de [[Rensel]], dêr't it [[Aldfrysk]]e wurd foar "streamen", ''rene'', ferbûn mei it eftrerheaksel ''-ele''("wetterrin"). Dy rivier rûn besuden it kleaster. De namme fan it buordoarp Winsewida tsjut op bosk (''-widu'', ''-wida'' dat "bosk" of "wâld" betsjut).
Rigel 50:
Hilligenley is ek in [[terp]] op it [[Noardfryske eilannen|Noardfryske eilân]] [[Langeneß]]. De kontroversjele Dútske skriuwer [[Gustav Frensen]] joech yn [[1905]] in boek út dêr't hy de betsjuttenis "hillich lân" brûkte
 
Yn it [[Grinslânsk]] wurdt it doarp ek wol ''Kloosterholt'' neamd. Dy namme komt fan it eardere kleaster. Kloosterholt wie oant de iere [[tweintichste iuw]] in apart buorskip.
 
== Skiednis ==