De Boarn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 26:
Foarby de syl hjit de âlde rin fan De Boarn de [[Mûzel (Boarn)|Mûzel]], en giet sa fierder nei [[Raerd]].
 
Foarby Raerd kaam de Boarn út yn de [[Middelsee]]. Faak wurdt oannaam dat De Boarn hjir oarspronklik nei it noarden draaide, en dat de Middelsee fan oarsprong de slenk wie dêr't De Boarn troch nei it noarden rûn, nei de [[Waadsee]]. It soe ek kinne dat doe't de Middelsee noch net sa grut wie, De Boarn fierder gong nei it westen, en fia de [[Marne (slinke)|Marne]]slinke yn de Waadsee út kaam. Yn dat gefal is de de Middelsee earst de ûnderrin fan De Boarn wurden doe't de ferbining tusken dy twa ta stân kaam.
 
Yn alle gefallen lizze tusken [[Skylge]] en [[it Amelân]] it [[Borndjip]] en it [[Bornrif]], dat der hat dúdlik in tiid west dat De Boarn hjir yn de [[Noardsee]] út kaam.