Orkaan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 14:
# in sletten sirkulaasje, wat sizze wol dat se folslein rûn binne en net ûnderbrutsen wurde troch in [[front (meteorology)|front]];
# in waarme kearn: de waarmste lucht sit yn it each fan de [[depresje (meteorology)|depresje]].
Orkanen wurde neffens de [[skaal fan Saffir-Simpson]] nei sterkte klassifisearre yn fiif [[kategory]]enkategoryen, wêrby't orkanen fan 'e earste kategory relatyf licht binne, wylst orkanen fan 'e fyfde kategory tige swier binne.
 
==Nammejouwing==
Tropyske stoarmen en orkanen wurde sûnt [[1945]] offisjeel beneamd mei minsklike [[foarnamme]]n, dy't sadanich keazen wurde dat se by [[waarsfoarsizzing]]s en warskôgings de [[kommunikaasje]] tusken [[meteorolooch|meteorologen]] en it publyk makliker meitsje. Sokke nammen ferminderje de betizing dy't ûntstean kin as de mear as ien orkaan tagelyk yn in beskate regio aktyf is, wat frij geregeldwei foarkomt. Dizze nammejouwing giet werom op 'e yn it [[Karibysk Gebiet]] al iuwenlang gebrûklike ferneaming fan orkanen nei de [[hillige]] op waans [[nammedei]] se taslane, krekt sa't yn [[Nederlân]] lange tiid [[stoarmfloed]]en ferneamd waarden nei de hilligen op waans nammedei se foarfoelen (lykas de [[Sint-Julianafloed]] en de [[Sint-Martensfloed]]).
 
De [[Austraalje (lân)|Australyske]] meteorolooch [[Clement Wragge]] wie de earste dy't oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] [[famkesnamme (foarnamme)|famkesnamme]]n brûkte foar tropyske stoarmen, en nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard dat oernommen yn it Karibysk Gebiet, wêrby't de nammen yn [[alfabet]]yske folchoarder tapast wurde. Eltse [[stoarm]] mei teminsten [[wynkrêft]] 8 kriget syn eigen namme. Sûnt [[1978]] wurde, nei protesten út [[feminisme|feministyske]] hoeke, om en om famkes- en [[jongesnamme]]n brûkt. Yn [[East-Aazje|East]]- en [[Súdeast-Aazje]] ([[Fjetnam]], [[Japan]], [[Sina]], [[Súd-Koreä]], [[Tailân]] en [[Taiwan]]) wurde foar tyfoanen nammen fan âlde [[god|goaden en goadinnen]] brûkt.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=