Jagtlust (Kûkherne): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 6:
Neffens oerlevering kamen de Nassau's der faak om te [[Jacht (aktiviteit)|jeien]]. Dat soene yn de 17e iuw de Fryske steedhâlders west hawwe. At it al sa west hat, dan wiene dy jachtpartijen wierskynlik ''incognito''.
 
In Lykas Schwartzenberg boaske oan in Van Haersma, dy't op de [[Stania State (Oentsjerk)|Stania State]] wennen. Yn 1758 kocht er in bosk westlik fan Kûkherne en liet dêr in hûs sette om't er ticht by syn boskboubedriuw dêre wenje woe.<br>
Ien fan de lettere eigeners wie kantonrjochter Wybe fan Haersma, mei de bynamme "Wylde Wibe". Nei syn dea yn 1822, bleau syn widdo Aalkjen Braunius yn it hûs wenjen. Sy stoar dêr op 4 maaie 1823 en yn septimber waard it hûs by in iepenbiere feiling ferkocht. It bûten waard omskreaun as: ''"de buitenplaats Jagtlust met belendende boereplaats (10 bunder) voorts 155 bunder bosch te Kuikhorne en Veenwouden in gebruik bij Mr. W. H. van Haersma"''. <br>
Earst op 8 novimber 1824 waard it hûs ferkocht oan dokter Petrus H. Feenstra út [[Kimswert]]. Hy feroare in protte oan hûs en tún. Der waard in grutte fiver oanlein. De grûn dy't dêrby frijkaam waard brûkt om in hichte op te smiten, dêr't in belvédère op set waard.<br>
Rigel 18:
 
Fan Jagtlust binne allinne de kelders oer, mar dy binne lykwols folstoart mei pún.
 
== Bewenners ==
* om 1758 Lykas Schwartzenberg