Sompe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 3:
In '''sompe''', '''somp''', '''moeras''' of '''ûnlân''' is in oergongsgebiet tusken wetter en lân. It bestiet út in gebiet dat regelmjittich oerstreamd wurdt mei wetter, wêrnei't it stadichoan wer opdrûget.
 
Sompen wurde skaaimerke troch in bysûnder ferskaat oan plant- en bistesoarten. Yn sompen binne in protte [[gerzen|gers]]soarten te finen. Ek [[reid]], [[tuorrebout (skaai)|tuorrebout]] en oare krûdeftige- plânten binne in protte te finen yn de omkriten fan sompen. It wetter yn in sompe kin sawol [[farskwetter|farsk-]] as [[sâltwetter]] wêze. Foar guon bisten is in sompe de wichtichste lokaasje as briedplak.
 
Yn wêzen is de sompe in tuskenfaze yn de ûntwikkeling dy't yn stân hâlden wurdt troch bisten of minsken. By bisten moate wy tinke oan bygelyks de [[Eastfardersplassen]] yn [[Flevolân]]. Hjir hâlde [[guozzen]] harren eigen libbensgebiet yn stân troch it iten fan reid. As der in tiidlang lykwols neat bart, dan sil in sompe stadichoan ‘ferlânje’. It wurdt dan dus wer gewoan lân.