Fly: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Sa om it jier 800 hinne wienen Flylan en Skylge grutter as tjinwurichtsjintwurich. Flylân striek har út oant foarby de hjoeddeiske [[Ofslútdyk]], op it plak fan de [[Waart]] en it [[Breesân]], en omfieme ek [[Eierlân]], dat no in part fan [[Teksel]] is. It Fly (doetiids ''Fli'' of ''Flehi'' neamd) rûn troch oant de omkriten fan [[Starum]] en foarme de skieding tusken Flylân en de fêste wâl fan [[West-Fryslân]] oan de westkânt en Skylge en de fêste wâl fan de tsjintwurdige provinsje [[Fryslân]] oan de eastkânt.
 
It Fly hie in wichtige funksje. It wie in brede slinke, dy't de ferbining foarme tusken de [[Flevomar]] en de [[Noardsee]], in goed-befarbere route fan de [[Flevomar]] ta de [[Noardsee]]. Yn de [[Lex Frisionum]] (Friezenwet) foarme it Fly ien fan de skiedslinen: yn guon gefallen wurde foar it gebiet tusken Fly en [[It Swin (Brugge)|Swin]] oare tallen neamd as foar it gebiet tusken Fly en [[De Lauwers|Lauwers]].
 
== Waad ==