Ligueryske See: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 14:
| Wetterfolume =
}}
De '''Ligueryske See''' is de rânesee fan 'e [[Middellânske See]] súdlik fan 'e [[Itaalje|Noarditaljaanske]] regio [[Liguerje]], it [[foarstedom]] [[Monako]] en it eastlikste part fan 'e [[Frankryk|Frânske]] [[Côte d'Azur]], noardlik fan it ta Frankryk hearrende eilân [[Korsika]], en noardwestlik fan 'e Italjaanske regio [[Toskane]]. Yn it súdeasten giet de Ligueryske See by de [[Toskaanske Arsjipel]] oer yn 'e [[Tyrreenske See]]. De wichtichste havenstêd oan 'e Ligueryske See is [[Genua (stêd)|Genua]], folge troch [[Livorno]] en [[La Spezia]]. De noardwestlike kust stiet bekend om syn skientme en noflik [[klimaat]]. It noardlikste part fan 'e see wurdt foarme troch de [[Golf fan Genua]]. Yn it easten mûnje de rivier de [[Arno (rivier)|Arno]] en withoefolle mindere [[Apeninen|Apenynske]] streamen yn 'e Ligueryske See út. Noardwestlik fan Korsika leit it djipste punt, dêr't de seeboaiem likernôch 2.850 m ûnder it oerflak leit.
 
Om 'e [[walfisken]] en [[dolfinen]] te beskermjen ([[brúnfisken]] komme yn 'e Ligueryske See net foar) hawwe Itaalje, Frankryk en Monako de see yn [[1999]] útroppen ta in beskerme gebiet. It Ynternasjonale Walfiskreservaat fan de Ligueryske See beslacht 84.000 km², en bestiet út sawol nasjonale territoriale wetters as iepen see.