Ferskil tusken ferzjes fan "Rostov oan de Don"

L (Frysk)
 
 
== Skiednis ==
Al iuwenlang hat de mûning fan de Don fan grut kommersjeel en strategysk belang west. De [[Griken|grykske]] koloanje Tanaïs lei dêr, lykas ek it [[Genua (stêd)|genueeskeGenueeske]] fort Tana en de [[Turkije|Turkske]] fêsting Azov. Rostov oan de Don waard yn 1749 troch keizerin [[Elisabeth fan Ruslân|Elisabeth Petrovna]] stifte as dûanepost. Der waarden in haven oanlein en pakhûzen en in kazerne boud. Tsjin de Turkske oanfallen waard yn de jierren 1760-1760 de delsetting fersterke. [[Katarina de Grutte]] ferneamde it fort nei biskop Dmitri fan Rostov, dy't krekt foar dy tiid hillich ferklearre wie. De fêsting spile in wichtige rol yn de [[Russysk-Turkske oarlogen]] yn de twadde helte fan de 18e iuw. Yn it tiidrek 1768-1774 tsjinne de fêsting as basis foar de oanfallen op de Turkske fêsting Azov.
 
Yn 1779 waard eastlik fan de fêsting de [[Armeenjers|Armeenske]] delsetting Nachitsjevan oan de Don stifte. Yn deselde snoarje sette de ûntwikkeling fan Rostov útein. Yn 1785 krige it plak stedsrjochten en waard der in stedhûs boud. De stêd waard yn 1797 haadstêd fan de provinsje.
14.188

bewurkings