Koerier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lotje (oerlis | bydragen)
typo :)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 3:
In '''koerier''' (fan it [[Frânsk]]e ''courrier'') of '''boadskipper''' is immen dy't yn opdracht (d.w.s. foar in oar) berjochten of lytse hoemannichten guod besoarget. It âldste dokumintearre gebrûk fan in [[organisaasje|organisearre]] koerierstsjinst foar it ferstjoeren fan [[brief|brieven]] datearret fan [[2400 f.Kr.]], doe't de [[farao's]] fan it [[Egyptyske Aldheid|Alde Egypte]] koeriers yn 'e tsjinst hiene dy't nije [[wet]]ten en oare regeljouwing yn it hiele lân bekendmeitsje moasten. Oarspronklik beweegden koeriers har geandefoets of [[hynsteriden|op it hynder]] fuort. De bekendste koerier út 'e [[skiednis]] is de [[Grikelân|Grykske]] [[soldaat]] [[Feidippides]], dy't nei de [[Slach by Maraton]], yn [[490 f.Kr.]] fan [[Maraton (plak)|Maraton]] nei [[Atene]] [[hurddraven|draafde]] om it [[nijs]] fan 'e Grykske oerwinning op 'e [[Perzyske Ryk|Perzen]] oer te bringen. (Yn oantins fan dat feit wurdt dyselde ôfstân fan 42,195 km tsjintwurdich noch altyd draafd troch lju dy't in [[maraton]] ôflizze.)
 
Yn 'e [[njoggentjinde iuw]] waarden der yn 'e measte lannen troch de [[oerheid]] koerierstsjinsten ynsteld dy't har spesifyk taleine op 'e besoarging fan [[post (brief)|post]]; dêrút kamen de hjoeddeiske [[postrinner]]s fuort. In koerier is tsjintwurdich in [[ferfier]]der dy't op oanfraach en sa fluch mooglik alderlei guod teplak bringt, lykas [[iten]] (in [[pizzakoerier]]) of pakjes (in [[pakkettsjinst]]). Soms kin de opdrachtjouwer dêrby kieze foar ferskate snelheden fan ferfier, wêrby't de fluchste besoarging it measte [[jild]] kostet. Foar de iene opdrachjouwer is nammentlik de fluggens fan besoarging it wichtichste, wylst in oar (of deselde yn in oare sitewaasje) bêst wat langer wachtsje wol of kin om wat minder te beteljen. Koeriers meitsje hjoed oan 'e dei gebrûk fan alderhanne [[ferfiermiddel]]s, fan [[fyts]]en en [[scooter]]s oant [[bestelbuske]]s en [[frachtwein]]en. As it guod út in oar lân komme moat, wurdt in diel fan 'e reis faak yn it [[fleantúch]] ôflein.
 
De [[frou]]like foarm fan 'koerier' is '''koerierster''', mar dat [[wurd]] hat in spesifike bybetsjutting. Yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden nammentlik koerierstsjinsten foar it [[ferset (Twadde Wrâldkriich)|ferset]] benammen útfierd troch jonge [[froulju]]. Foarbylden fan guod dat hja oerbrochten, binne: [[distribúsjebon|bonkaarten]], ferfalske [[indentiteitsbewiis|identiteitsbewizen]] en teffens soms [[wapen]]s of [[eksplosyf|eksplosiven]]. Dat wie gefaarlik fan wurk, want as se pakt waarden troch de [[nazy-Dútslân|Dútsers]], draaiden se in raar gat yn.