Kantoar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Channel_1_Israel_DSC0021.jpg|right|thumb|250px|In typysk modern kantoar.]]
In '''kantoar''' (fan it [[Aldfrânsk]]e ''comtoir'', modern [[Frânsk]]: ''comptoir'', "[[toanbank]]") is ornaris in [[fertrek]] of oare romte yn in [[gebou]] dêr't de [[wurknimmer]]s fan in [[organisaasje]] [[administraasje|administratyf]] [[wurk]] dogge dat de doelen fan 'e organisaasje ûnderstipet. Sa'n organisaasje is faak in [[bedriuw]], mar it kin ek in [[stifting]], [[oerheid]]synstânsje of oare [[ynstelling]] wêze. Men seit fan lju dy't dêr wurkje dat se "op kantoar sitte". It wurk dat yn sa'n fermidden dien wurdt, rint útinoar fan [[boekhâlding]] oant [[resepsje (bedriuw)|resepsje]]. In kantoar bestiet út ien of mear [[buro (skriuwtafel)|buro's]] mei ien of mear [[burostoel|burostuollen]], wêrby't op it buro almeast teminsten ien [[Kompjûter|kompjûter]] pleatst is. Alle oare [[ynboel]] is eins opsjoneel, mar men sjocht der ek faak û.o. [[argyfkast]]en, oare [[kast]]en en in [[kopiëarmasine]]. In [[bouwurk]] mei allinnich mar of foar it meastepart kantoaren is in [[kantoargebou]]. It komt faak foar dat yn soksoarte gebouwen ferskate bedriuwen of ynstellings fêstige binne. In kantoarromte yn in partikuliere wente wurdt almeast oantsjut as in [[studearkeamer]].
[[File:London_MMB_»095_15_Westferry_Circus.jpg|left|thumb|250px|In saneamde 'kantoartún'.]]
 
Kantoaren bestiene al yn 'e [[Klassike Aldheid]], doe't se gauris diel útmakken fan in [[paleis]] of fan in grutte [[timpel]]. Yn 'e [[Midsiuwen|Hege Midsiuwen]] ([[1000]]-[[1300]]) kaam de [[kânselarij]] op, wat doedestiden it plak wie dêr't de measte [[brieven]], [[oarkunde]]n en oare offisjele stikken skreaun en kopiëarre waarden. Doe't geandewei de [[Ier-Moderne Tiid]] almar gruttere en mear komplekse organisaasjes ûntstiene, waarden yn 'e [[achttjinde iuw]] de earste kantoargebouwen set, dy't spesifyk boud wiene foar it húsfêstjen fan kantoaren. De bou fan dat soarte gebouwen naam almar mear ta doe't der troch de [[Yndustriële Revolúsje]] yn 'e [[njoggentjinde iuw]] hieltyd mear ferlet wie fan gruttere oantallen [[klerk]]en by û.m. [[bank (finansjele ynstelling)|banken]], [[fersekeringsmaatskippij]]en, [[spoarwei]]maatskippijen, [[oaljemaatskippij]]en en [[post]]tsjinstenposttsjinsten, en dêrom ek fan kantoaren om sokke lju fan wurkromte te foarsjen.
 
Oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] en it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] waarden kantoarwurkers yn grutte romten byinoar pleatst, sadat de baas harren wat yn it each hâlde koe. Tsjin 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] kaam men lykwols ta de konklúzje dat benammen foar [[privacy]]gefoelich wurk (lykas by banken, fersekeringsmaatskippijen en de oerheid) in ôfsletten wurkromte needsaaklik wie. Dêrta waarden yn [[Jeropa]] faak aparte kantoarfertrekken foar ien of twa wurkers ynrjochte, hoewol't men yn 'e [[Feriene Steaten]] in soad gebrûk makke fan saneamde ''[[cublicle]]s'': in grutte romte dy't mei net oan it plafon ta rikkende skudden ferdield is yn lytse wurkhokjes sûnder [[rút|ruten]] of [[doar]]ren (mar inkeld mei in ûnôfslútber doarsgat). Sûnt de [[1990-er jierren]] is it wer yn 'e moade rekke om grutte oantallen (oant wol tweintich of noch mear) kantoarwurkers byinoar yn in grutte [[seal (romte)|seal]] te setten, dy't oantsjut wurdt as in '[[kantoartún]]'.