Starum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ek noch
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 33:
 
=== Knooppunt ===
It âlde Starum ûntstie op in knooppunt fan wetter- en lânwegen. It lei oan in rivierke dat yn it [[Fly]] útrûn. It Fly wie in brede slinke, dy't de ferbining foarme tusken de [[Flevomar]] en de [[Noardsee]]. Ien fan de âldste lânwegen fan it Dútske Ryk rûn oer [[Koevorden]] en [[Stienwyk]] nei Starum en dêrwei fierder oer it wetter nei [[Medemblik (plak)|Medemblik]]. Dat, wa't oer dy wei reizge, moast by Starum oer it Fly setten wurde. Skippen út Utert foeren troch de [[Fecht (Utert)|Fecht]], fia de Flevomar en it Fly nei de Noardsee en kamen ek by Starum foarby; sa koenen se Fryslân ynfarre.
 
Dat hat grif ek de rûte west hoe't [[Bonifatius]] yn 754 út Utert wei nei Dokkum kaam is. Hast in iuw letter folge ek de muonts [[Odulf]] wer dy rûte ({{Noat|boarne?}}). Ek Odulf wie stjoerd troch de biskop fan Utert om de Friezen te bekearen ta kristen. Fanwegen it drokke ferkear fan de haven yn de rjochting fan [[Stienwyk]] en [[Koevorden]] stifte de muonts hjir yn [[837]] in kleaster, it Odulfuskleaster.
 
=== Stêd en hannel ===
Starum krige as earste fan de [[Fryske stêden|Fryske alve stêden]] [[stedsrjocht]]. Yn de twadde helte fan de [[11e iuw]] regearre in Dútske grevefamylje yn Fryslân, de [[Brunoanen]], neamd nei harren stamfaar, dy't Bruno hjitte. Greve Egbert, ek in telch út dy famylje fan Brunoanen, ferliende Starum al yn in [[1061]] stedsrjochten, dy't de Dútske keizer [[Hindrik V fan it Hillige Roomske Ryk(keizer)|Hindrik V]] yn 1118 bekrêftige. It wie in hannelsstêd fan belang, mei hannel oant yn [[Ingelân]] en [[Sweden]] ta. De [[grutskipper]]s en keaplju ûnderhâlden in soad hannelsrelaasjes mei de lannen om de Eastsee hinne. Troch it de útfining fan de [[kogge]] woeks dy hannel him nei 1100 omraak.
 
Yn [[1385]] waard Starum lid fan de [[Hânze]]. De skippers fan Starum hienen by passaazje fan de [[Sont]] in âld foarrjocht; by de [[Sonttol|tolheffing]] waard harren foarrang ferliend wat in soad tiidwinst oplevere. By de Eastseehannel spile de Amsterdamske haven in belangrike rol. Hollân wie mei in hurd-groeiende befolking foar de itensfoarsjenning oanwiisd op nôtymport út de Eastseelannen. De skippers út Fryslân wienen foar Hollân dêrom fan libbensbelang. By oarloggen tusken Hollân en Fryslân keas Starum dan ek geregeld partij foar Hollân. Mar net by de [[Slach by Warns]] dy't ek wol oantsjutten wurdt as de '''Slach by Starum'''.