Saksetiid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
 
== Skiednis ==
Yn de [[14e iuw|14e]] en [[15e iuw]] wie [[Westerlauwersk Fryslân|Fryslân]] te proai fallen oan partijstriid tusken [[Skieringers en Fetkeapers]]. Op de ein fan de 15e iuw like it derop dat de Fetkeapers it pleit winne soene mei stipe fan de stêd [[Grins (stêd)|Grins]]. De Skieringers stienen mei de rêch tsjin de muorre en keazen doe as [[potestaat]] [[Juw Dekama]], dy't lykwols net op eigen krêft Fryslân ûnder kontrôle krije koe. Hy fersiket dêrom yn 1498 oft [[Albrecht fan Saksen]] it bestjoer oer nimme wol. In Skieringer ôffurdiging reizget nei [[Medemblik (plak)|Medemblik]], dêr't sy yn maart dat jier Albrecht erkenden as 'hear fan [[Westergoa]] yn Fryslân', op betinkste dat er nammens it [[Hillige Roomske Ryk|it Ryk]] beneamd wurde soe as steedhâlder, oars koe der wer ôfsetten wurde; dizze ôfspraak waard bekrêftige by it [[Ferdrach fan Snits]] op 30 april 1498<ref name="Frieswijk">{{aut|Johan Frieswijk}} e.a., [http://books.google.nl/books?id=r_EU2Q4mDHAC&printsec=frontcover&source=gbs_v2_summary_r&cad=0#v=onepage&q&f=false ''Fryslân, staat en macht 1450-1650: bijdragen aan het historisch congres te Leeuwarden van 3 tot 5 juni 1998'' (Hilfersom 1999) 90]. Uitgeverij Verloren.</ref>.
 
Foar koarte tiid slagge Albrecht deryn de rêst yn Fryslân te werstellen. Dêrfoar frege hy lykwols in hege priis. De keizer, [[Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk|Maksimiliaan]], dy't foar grutte bedraggen by Albrecht yn it kryt stie beneamde him as ''erflik gubernator en potestaat nammers de Roomske kening fan it Hillige Roomske Ryk''. Sadwaande krige hy it bewâld oer de gebieten Eastergoa, Westergoa, Sânwâlden, de Stellingwerven, de Ommelannen, Dithmarschen en Noard-Fryslân (20 july 1498)<ref name="Frieswijk 92">Frieswijk e.a., ''Fryslân'', 92</ref>. Letter waarden dêr noch oan tafoege: East-Fryslân, de stêd Grins en Butjadingen (27 maart 1499)<ref name="Frieswijk 93">Frieswijk e.a., ''Fryslân'', 93</ref>.