De Burch (stins): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 2:
'''De Burch''' of '''Pelfinne''' wie in [[stins]] oan de [[Súd Ie]] tussen [[Mitselwier]] en [[Jouswier]], gemeente [[Dongeradiel]]. Fan de stins is neat werom te finen, it is no in stik lân.
 
Begjin 15e iuw wurdt foar it earst oer De Burch skreaun. De wichtichste stins yn Mitselwier wie [[Roptastate (Mitselwier)|Ropta]]. Dêrneist wienen de âlde haadlingehuzen [[Wibaldastate]] en [[Uniastate (Mitselwier)|Jaersmastate]] der noch. Alletrije machtsposysjes waarden al neamd yn [[1422]].
 
Yn [[1511]] wie [[Sybren fan Ropta|Sybren Ropta]] syn soan [[Focke Ropta]], yn de list fan eallju fan [[1505]] ek neamd, eigener fan [[Roptastate (Mitselwier)|Roptastate]]. Ien fan syn pachters wenne ''up den Burch''. Dêr sil grif net de [[Roptastate (Mitselwier)|Roptastins]] mei bedoeld wêze, mar it strategysk oan de Suderie lizzend hûs [[Pelfinne]]. Fokke Ropta junior fan Roptastate troude mei Graets fan Eysinga. Neist Grut- en Lyts-Ropta en De Burch hie hy noch in soad oare pleatsen en stikken lân yn eigendom ûnder de doarpen [[Eanjum]], [[Ljussens]] en [[Moarre]] en in hûs yn Dokkum. Hy wie dan ek de rykste man fan de [[gritenij]].