Earm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 3:
In '''earm''' (meartal: earms of earmen) is ien fan 'e beide boppeste [[lid (lichemsdiel)|lidden]] fan it lichem. De earm bestiet út twa dielen: de '''boppe-earm''' (''brachium'') en de '''ûnderearm''' (''antebrachium''), wêrfan't de boppe-earm it diel fan it lichem beslacht dat tusken it [[skouder]]gewricht en it [[earmtakke]]gewricht yn leit, wylst de ûnderearm it diel fan it lichem is tusken it earmtakkegewricht en it [[pols (lichemsdiel)|pols]]gewricht yn. By de [[pols (lichemsdiel)|pols]] giet de earm oer yn 'e [[hân]]. Boppe-oan heart it [[skouder]] mei syn [[bonke]]n en [[spier]]struktuer [[anatomy]]sk ta de earm, mar ornaris wurdt ornearre dat de earm oan 'e sydkant fan it skouder begjint.
 
Frijwol alle [[wringedier]]en hawwe twa foarste of boppeste lidden en twa efterste of ûnderste lidden. By de [[minske]], mar ek by [[minskapen]] en [[apen]], wurde de boppeste of foarste lidden 'earms' neamd; by oare [[soarte]]n [[bist]]en wurde de ekwivalinte lichemsdielen yn 'e regel betitele as [[foarpoat]]enfoarpoaten. Troch middel fan 'e hân hawwe earms by de minske in wichtige funksje as grypmeganisme; foar fuortbeweging, dêr't earms by minskapen en apen (en foarpoaten by oare bistesoarten) in protte of yn haadsaak foar brûkt wurde, binne se by de minske troch de rjochtoppige hâlding op 'e [[skonk]]en (by bisten: de efterpoaten) minder fan belang. Inkeld by [[klimmen]], [[swimmen]] en om by [[hurddraven]] it lykwicht te bewarjen brûke sûne minsken de earms by fuortbeweging.
 
De [[bonke]]struktuer fan 'e earm wurdt beweechber makke troch de oanwêzigens fan trije gewrichten. Boppe-oan de earm sit it [[skouder]]gewricht, dat in [[kûgelgewricht]] is en oer trije draai-assen artikulearre wurde kin. Healwei de earm, dêr't de boppe- en de ûnderearm gearkomme, sit it [[earmtakke]]gewricht, dat in [[kniergewricht]] is dat mar oer ien as beweegd wurde kin. Hielendal ûnderoan sit it [[pols (lichemsdiel)|pols]]gewricht, in saneamd [[aaigewricht]], dat oer twa assen beweegd wurde kin. It skouder en de earmtakke wurde mei-inoar ferbûn troch de [[boppe-earmbonke]], dy't tige sterk is en net maklik brekt. Undersyk (mei minsklike [[kadaver]]s) hat útwiisd dat in boppe-earmbonke wol in gewicht fan 140 kg drage kin ear't er knapt. Tusken de earmtakke en de pols sitte njonken inoar de [[speakbonke]] en de [[piipbonke]], dy't folle lichter binne en dêrom ek makliker brekke. De wichtichste [[spier]]en yn 'e earm binne de [[biseps]] en de [[triseps]], dy't beide yn 'e boppe-earm sitte, en dêr't de ûnderearm mei bûgd en strutsen wurde kin.