Earmtakke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Elbow coude.JPG|right|thumb|200px|In earmtakke.]]
In '''earmtakke''' ([[Latyn]]: ''articulus cubiti'') is it [[gewricht]] dat yn 'e [[anatomy]] fan [[minske]]n, [[aap|apen]] en beskate oare [[bist]]esoarten de ferbining foarmet trusken de [[boppe-earm]] en de [[ûnderearm]]. It is in bysûnder gewricht, mei't der út 'e boppe-earm ien [[bonke]], de [[boppe-earmbonke]], en út 'e ûnderearm twa bonken, de [[speakbonke]] en de [[piipbonke]], gearkomme. It is in [[kniergewricht]], dat mar oer ien inkele as bûgd wurde kin. Behalven dat de earmtakke it bûgen fan 'e ûnderearm foar de boppe-earm oer fersoargje moat, bewurkmasteret dit gewricht ek de draaiïng fan 'e beide bonken yn 'e ûnderearm foarinoar oer. Dêrby draait de speakbonke (''radius'') om 'e piipbonke (''ulna'') hinne.
 
De stevichheid fan it earmtakkegewricht by de minske komt fuort út [[bynweefsel]]bannen dy't oan 'e binnenkant en de bûtenkant fan it gewricht rinne. De earmtakke is ien fan 'e gewrichten dy't geregeldwei oanhelle rekket mei [[rimmetyk]]. As it nedich is, bygelyks fanwegen [[reumatoïde artritis]] of om't it by in fal of oar ûngemak brutsen is, kin it earmtakkegewricht tsjintwurdich ferfongen wurde troch in [[proteze]]. Yn 'e minsklik anatomy ferfollet de [[knibbel]] by de [[skonk]]en in funksje dy't fierhinne ekwivalint is oan dy fan 'e earmtakke by de earms.