Begrutsjen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:G._Conti_La_parabola_del_Buon_Samaritano_Messina_Chiesa_della_Medaglia_Miracolosa_Casa_di_Ospitalità_Collereale.jpg|right|250px|thumb|Begrutsjen: in [[18e-iuwsk]]e ôfbylding fan 'e [[bibel]]ske [[likenis]] fan 'e [[Likenis fan de Barmhertige Samaritaan|Barmhertige Samaritaan]].]]
'''Begrutsjen''', '''meilijen''' of '''moederaasje''' is in [[gemoedstastân]] of [[emoasje]] yn 'e foarm fan [[empaty]] (mei-fielen mei oaren), wêrby't immen emosjoneel rekke wurdt troch it [[lijen]] fan in oare [[minske]] of in [[bist]]. Soks motivearret lju ta it dwaan fan muoite om oaren te helpen dy't [[minsklik lichem|lichaamlik]]e of [[geast]]like [[pine]] lije. It [[ûnderfining|ûnderfinen]] fan begrutsjen as gemoedstastân hinget sawol gear mei emosjonele gefoelichheid, as mei [[ferstân|ferstanlike]] konsepten lykas [[earlikheid]] en [[rjochtfeardichheid]]. Dingen dy't minsken dogge út begrutsjen kinne sadwaande útlein wurde as [[ympuls (psychology)|ympuls]]ive dieden basearre op emoasje, mar ek as ûnderboude aksjes basearre op oardielkundige beprakkesaasje.
 
Faak wurdt begrutsjen beskôge as in ûnderdiel fan in oare gemoedstastân en emoasje: de [[leafde]]. Ek is it besibbe oan [[barmhertigens]], [[neisteleafde]], [[ûnbaatsuchtigens]], [[altruïsme]], [[genede]] en [[ferjouwing]]. Begrutsjen is it [[tsjinstelde (taalkunde)|tsjinstelde]] fan [[ûnmeilydsumens]]. It is fierders in hoekstien fan it [[humanisme]], dat ommers leart dat minsken ôfhinklik faninoar binne en inoar helpe moatte.
 
Begrutsjen nimt ek in wichtich plak yn ferskate [[godstsjinst]]en yn. It [[hindoeïsme]] beskôget begrutsjen, [[goeddiedichheid]] en [[selsbehearsking]] as de trije wichtichste [[deugd]]en. Ek yn it [[boedisme]], it [[kristendom]] en de [[islaam]] foarmet begrutsjen mei oare deugden in pylder fan it [[leauwe]]. En yn it [[joadendom]] bestiet in ferhaal dat de ferneamde [[fariseeërs|fariseeske]] [[rabbyn]] [[Hillel de Aldere]] ris troch in [[heiden]] oansprutsen waard. De man sei dat er him wol ta it joadendom [[bekearing|bekeare]] woe, as Hillel op ien [[skonk]] steand de hiele [[Toara]] opsizze koe. Hillel sei tsjin him: "Doch in oar net oan watst net wolst dat dysels oandien wurdt. Dat is de kearn fan 'e Toara. De rest is kommentaar."<ref>{{Aut|Armstrong, Karen}}, ''Een Geschiedenis van God: Vierduizend Jaar Jodendom, Christendom en Islam'', Baarn, 1993 (Uitgeverij Anthos), ISBN 9 06 07 49 014, s. 91.</ref> Dy omskriuwing is in definysje fan it begryp 'begrutsjen'.