Houtwâl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 2:
In '''houtwâl''' of in '''beamwâl''' is in lege ierden wâl dy't de ôfskieding foarmet tusken ferskillende [[greide]]n, [[ikker]]s of tusken sok lân en [[wei|wegen]]. Houtwâlen binne begroeid mei [[strewelleguod]] en oare ûndergroei en faak ek mei [[beam]]men, en komme in soad foar yn it easten en suden fan [[Fryslân]]. Se wiene, alteast oarspronklik, bedoeld as ôffreding en foar it beskutten en kearen fan [[fee]] en [[fauna|wyld]].
 
Houtwâlen lizze benammen op hegere grûnen as by [[Twizelerheide]], [[Eastermar]], [[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]], [[Aldeberkeap]] en [[Boyl]]. Se bestean benammen út [[iik]], mar ek [[bjirk]]en [[lysterbei]], bytiden [[hagedoarn]], [[krikel]], [[hazzenút]] en [[hulst (plant)|hulst]]. De legere grûnen yn [[De Wâlden]] lizze faak mids [[els (beam)|elzesingels]], meast yn de houtwâlen. Wylst de typyske houtwâlen oanlein binne, binne dizzen natoerlik ûntstien. Yn de streek tusken [[Bûtenpost]] en [[Drachten]] en yn stikken fan [[Dantumadiel]] wurdt it karakter fan it lânskip benammen troch elzesingels bepaald. Houtwâlen en elzesingels wurde meast foar kaphout brûkt. De bêste stamkes wurde bytiden sparre om út te groeien ta opgeande beammen. It hout waard faak as brân- en geriifhout brûkt.
 
== Sjoch ek ==