Jezus (histoarysk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 11:
Ek binne deskundigen it der net oer iens hoe't se Jezus omskriuwe moatte. Sokke omskriuwings binne ûnder oaren oft er in profeet, [[garisma]]tyske genêzer, [[synisme (filosofy)|synyske]] [[filosoof]], Joadske [[Messias]] of [[rabby]].
 
== It sykjenhistoarysk neibestean de histoaryskefan Jezus ==
Der wurdt besocht om troch in wittenskiplike metoade de skiednis fan Jezus fan Nazaret, histoarysk-kritysk sjoen, op te bouwen. Dy metoade bestiet benammen út krityske analyse fan de boarnen. Ek wurdt de kulturele en histoaryske eftergrûn fan Jezus op it aljemint brocht om bewiisgrûn te jaan fan de relaasje tusken de oerlevere boarnen en dat der yn it libben fan Jezus bard is.
 
Rigel 17:
Der binne gjin boarnen bekend út de jierren dêr't Jezus yn libbe dy't him neame. De ierste boarnen oer syn wurk, preekjen, lijen en dea binne te finen yn de skriften fan it [[Nije Testamint]].
 
Yn de histoarysk-krityske metoade wurdt der gjin ûnderskaat makke tusken de kanonike evangeeljes en de oare skriften. Nei eltse boarne wurdt op eigen wearde op deselde manier kritysk besjoen troch ferskate metoaden sa as bygelyks de krityk op de boarnenboarne-, de tekst-, de redaksje- (analyse fan de teologyske ideeën dy't de skriuwers oerbringe litte woene) en de foarmfoarmkrityk (rekonstruksje fan mûnlinge oerlevering).
 
=== Bibelske boarnen ===
Rigel 52:
==== Oare Romeinske boarnen ====
[[Plinius de Jongere]] skreau yn [[112]] n.Kr. yn it ramt fan de kristenebestraffing in brief oan keizer [[Trajanus]], dêr't er de kristenen yn beskriuwt en Kristus neamt. [[Suëtoanius]] yn syn ''Libben fan Klaudius'' dat (om 50 n.Kr. hinne) dat de "Joaden algeduerigen rebûlje feroarsaken dy't stookt waarden troch ''Chrestus'' en Klaudius harren dêrom út Rome ferballe". It is net wis oft mei ''Chrestus'' Kristus bedoeld waard. Lusianus fan Samosata, dy't yn twadde iuw libbe ferwiisde yn de ''Dea fan Peregrinus'' oer kristenen nei "harren wetjouwer, de man dy't yn Palestina krusige waard".
 
== Histoarysk-kritysk ûndersyk ==
De histoarysk-krityske metoade is in tûke fan krityk dy't de oarspronklikens fan in tekst ûndersiket om de "tastân efter de tekst" te begripen. It wichtichste doel fan de histoarysk-krityske metoade is om de oarspronklike betsjuttenis yn syn oarspronklik skiedkundich en letterlik ferbân te ûntdekken. De histoarysk-krityske metoade begûn yn de santjinde iuw en waard wiidweidich yn de njoggentjinde en tweintichste iuw brûkt.
 
=== Histoaryske betrouberens fan de evangeeljes ===
De histoaryske betrouberens fan de evangeeljes ferwiist nei de betrouberens en it histoaryske karakter fan de fjouwer kanonike evangeeljes yn it Nije Testamint. Der wurdt tocht dat der mar in bytsje yn de evangeeljes histoarysk betrouber is.
 
De evangeeljes waarden ek ûnderwerp fan krityske analyse om ûnderskaat te meitsjen tusken oarspronklike, betroubere ynformaasje en mooglik wizigjen, oerdriuwen en taheaken oan de oarspronklike tekst. Sûnt der mear ûnderlinge ferskillen as letters yn it Nije Testamint binne, brûke deskundigen tekstkrityk om te bepalen hokker fariant fan de evangeeljes as de "oarspronklike" naam wurde kin. Om dy fraach te anderjen, moat sjoen wurde nei wa, wannear en wêrom de evangeeljes skreaun binne en hokker boarnen brûkt waarden. Ek moat der sjoen wurde nei hoefolle letter nei it barren, dêr't de ferhalen oer geane, skreaun binne en sjen oft se wizige waarden of dat deroan taheake waard. Ek wurdt der sjoen nei dat der bygelyks ferkearde oanhellings út de [[Hebriuwske Bibel]], ferkearde geografyske ferwizings, oft de skriuwer ynformaasje neiholden hie of oft de skriuwer in [[profesij]] optocht hat. Ta einbeslút wurdt der nei boarnen om utens sjoen sa as bygelyks tsjûgenissen fan iere tsjerkelieders, skriuwers bûten de tsjerke, benammen Gryksk-Romeinske skiedkundigen, dy't earder kritysk foar de tsjerke oer stiene, en [[archeology]]sk bewiis.
 
=== It sykjen nei de histoaryske Jezus ===
Sûnt de [[Ferljochting]] waard der besocht en beneierje Jezus op rasjoneel-naturalistyske manier. [[Baruch Spinoza]] sette yn syn ''[[Tractatus theologico-politicus]]'' Jezus del as in morele learaar en fersmiet syn wûnders as betinksels foar it gewoane folk. It ûndersyk nei de histoaryske Jezus rekke op syn hichtepunt yn de njoggentjinde iuw. Ien fan it wurk út dy tiid wie ''Das Leben Jesu, kritisch bearbeitet'' fan 1835-1836, dêr't [[David Strauss]] oppenearre dat de rabby Jezus fan Nazaret optoatele waard troch myten. It ûndersyk waard neikrigen troch [[Albert Schweitzer]] yn syn ''Geschichte der Leben-Jesu-Forschung'' fan 1906-1913, dêr't er de measte rekonstruksjes as projeksjes fan de oangeande ûndersiker seach. Schweitzer sels seach Jezus as in apokalyptyske preker.
 
 
== Sjoch ek ==