Sealterfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw it wikt derby setten.
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 18:
It '''Sealterfrysk''', ek wol ''Sealterlânsk'' of ''Sealtersk'' neamd, is in taal dy't heart ta de [[Noardwestgermaanske talen|Noardwestgermaanske kloft]] fan de [[Westgermaanske talen]]. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it [[Eastfrysk]], dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan de [[Iems]] oant de [[Weser]] sprutsen waard. Mei it [[Westerlauwersk Frysk]] en it [[Noardfrysk]] foarmet it de [[Fryske talen|Fryske taalgroep]].
 
It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn de gemeente [[Sealterlân]] ([[Dútsk]]: Saterland), yn it noardwesten fan de dielsteat [[Nedersaksen]], bewesten de stêd [[Aldenboarch]], sa'n fyftich km fan de [[Nederlân]]ske grins by [[Nijeskâns]] ôf. [[Sealterlân]], dat in gebiet fan 123 km² beslacht, heart ta de ''Landkreis'' [[Kloppenboarch]], yn de regio Aldenboarger Múnsterlân. It oantal sprekkers wurdt rûsd op 1500-2500, wat krapoan 20% fan de befolking fan it Sealterlân beslacht.
 
Histoarysk is it Sealterfrysk fuortkommen út it [[Aldfrysk]], mar de skiednis fan it skreaune Sealterfrysk hat syn oarsprong yn de 19e iuw. It Sealterfrysk hat dialekten, elk doarp dat oarspronklik Sealterfrysktalich is hat ien, mar de ferskillen binne tige lyts.