Des Moines (Iowa): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 33:
Yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste iuw]] hie de stêd fan 'e jierren fyftich ôf te lijen ûnder in post-yndustriële ekonomyske delgong, dy't duorre oant yn 'e jierren tachtich. Sûnt is Des Moines dêr wer boppe-op kommen, en hat it himsels omfoarme fan in yndustrystêd ta in plak dêr't benammen de tsjinstesektor wichtich is. Fan 'e jierren sechstich ôf fûn der fierders, lykas by withoefolle stêden, in ûntfolking fan 'e binnenstêd plak yn it foardiel fan 'e bûtenwiken en fral ek fan 'e foarstêden, en sadwaande naam doe de befolkingsgrutte jierrenlang ôf. It hichtepunt kwa ynwennertal (fan krapoan 209.000 yn [[1960]]) is noch altyd net wer helle.
 
Under de [[Grutte Wettersneed fan 1993]] soarge swiere [[rein (delslach)|rein]] yn juny en begjin july derfoar dat de rivieren de Des Moines en de Raccoon slim bûten har oeren giene. Op [[11 july]] [[1993]] strûpte it wettersuveringsfabryk fan Des Moines derûnder, sadat 250.000 minsken har 12 dagen sûnder liedingwetter en 20 dagen lang sûnder drinkwetter rêde moasten. Yn [[2008]] brieken de diken fannijs troch en rûn wer in grut part fan Des Moines ûnder.
 
==Des Moines hjoed de dei==