Middei (tiidpunt): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
De '''middei''', de '''middeisoere''' of de '''noen''' is it [[tiid]]punt fan 12.00 [[oere]] [[dei|oerdeis]]. Dêrmei is it persiis it tsjinstelde fan 'e [[midnacht]], dy't om 12.00 oere (of 24.00 oere of 0.00 oere) [[nacht]]s falt. De namme 'middei' ferwiist nei it feit dat dizze tiid it mulpunt fan 'e [[dei]] en fan it [[etmiel]] foarmet. It [[argaïsme|argayske]] [[synonym]] 'noen' komt oarspronklik fan it [[Latyn]]ske ''nona (hora)'' (de "njoggende oere"); dat wie oarspronklik 15.00 oere [[middei (deidiel)|middeis]], mar yn 'e [[Midsiuwen]] ferskode de betsjutting nei de middeisoere.
 
Op 'e middei wize de grutte en lytse [[wizer]]s fan alle [[klok (tiid)|klok]]ken nei de 12 en berikt de [[sinne]] syn heechste punt (it [[senit]]) oan 'e [[loft|himel]]. Dit tiidpunt jout de ein fan 'e [[moarn (deidiel)|moarn]] en it begjin fan it [[middei (deidiel)|deidiel fan 'e middei]] oan. Op 'e middei begjint yn it ramt fan 'e [[wurkdei]] of [[skoaldei]] op [[wike|troch-de-wykse dagen]] foar de measte minsken faak de [[lunchpauze]] of it [[middeisskoft]], wannear't men faak kâld, mar soms ek [[waarm iten]] bepluzet. Sadwaande sprekt men foar de tiid tusken 12.00 en rûchwei 13.00 oere faak fan 'tusken de middei'. Tsjintwurdich begjint it middeisskoft trouwens faak wat letter, om 12.30 oere, en duorret dan faak oant 13.30 oere.
 
{{boarnen|boarnefernijing=