Maria Montessori: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 15:
[[Ofbyld:Montessori Kugeln.JPG|thumb|left|Montessori-ûntwikkelingsmateriaal]]
 
Yn 1916 sette se har ta wenjen yn [[Barselona]], dêr't se oant [[1936]] bliuwe soe. Yn de tuskentiid hat se ek noch twa jier yn Itaalje west. Yn [[1934]] ferliet Maria Montessori Itaalje; [[Mussolini]] woe mear te sizzen hawwe oer lessystemen. Hy woe bygelyks skoalle-unifoarmen. Dat wie foar Maria Montessori net akseptabel. Fan de iene op oare dei hold it Montessori-ûnderwiis yn Itaalje op te bestean. Maria Montessori gie werom nei Barselona. Mar yn 1936 moast se dêr ek wer wei troch de [[Spaanske boargeroarloch]]. Se gie fan [[Spanje]] nei [[Ingelân]]. Dêr waard it Fiifde Ynternasjonaal Montessori-kongres hâlden. Sy prate dêr foar it earst oer it fuortset ûnderwiis en lansearret it [[Erdkinder-plan]]. Datselde jier noch, fêstige sy har yn [[Nederlân]]. Yn Nederlân stiet ek no noch it haadkertier fan de Montessori-beweging. Yn [[Laren (Noard-Hollân)|Laren]] waard in Montessori-skoalle iepene. Maria Montessori wie fan doel om dêr fiif moanne yn it jier les te jaan. Yn oktober [[1939]] ferliet sy Nederlân mei har soan Mario. Se gongen nei [[Yndia]]. Yn Yndia joech se in grut tal lêzings, organisearre troch de [[teosofy|teosofyske beweging]]. Ek joech sy Montessori-kursussen oer de Montessori-metoade.
 
Troch it útbrekken fan de [[Twadde Wrâldkriich]] waard it in lange reis fan wol 6 jier. Yn [[1946]] kaam se werom nei Nederlân. Fjouwer jier letter waard se beneamd ta [[offisier yn de oarder fan Oranje Nassau]]. Ek krige se in [[earedoktoraat]] oan de [[Frije Universiteit]].<br>
Op [[6 maaie]] [[1952]] kaam se te ferstjerren, in pear moanne foar har 82e jierdei. Maria Montessori waard beïerdige yn [[Noardwyk (Súd-Holl^^an)|Noardwyk]].
 
{{DEFAULTSORT:Montessori, Maria}}